schrijven & redactie / skriuwe & redaksje

Lezing&

In hutkoffer fol ferhalen

 

 

De Fryske roman De koma-korrektor giet oer Betty Vonk, korrektor by in krante, dy’t tegearre mei har heit, Siemen Vonk, dwaande is in boek te skriuwen oer syn Indië-ferline, as heit ynienen yn koma rekket. Siemen hat him yn 1945 as oarlochsfrijwilliger foar Indië oanmelden, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering: wat makket dat in minske ‘nee’ seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.

Dit boek is basearre op it Indië-ferhaal fan de heit fan skriuwster Baukje Zijlstra. Yn dizze lêzing fertelt se oan de hân fan foto’s en dokuminten oer de syktocht nei it ferhaal fan har heit, oer de besite oan it Nasjonaal Argyf en de reis nei Yndonesië, oer de feteranen dy’t har heit noch kend hiene, oer it ûntstean fan it boek en oer de fragen dy’t dat oprôp en noch altyd opropt. Ek is der gelegenheid om fragen te stellen, in boek te keapjen en/of sinjearje te litten.

Ofhinklik fan de grutte fan de groep, kin der gelegenheid bean wurde om, sa mooglik oan de hân fan in sels meinommen foarwerp, foto of dokumint, it eigen Indië-ferhaal (persoanlik of fan bygelyks in famyljelid) te dielen.

Der binne ek oare tema’s mooglik lykas in kar meitsje, wat skiednis foar it hjoeddeistige libben betsjutte kin, de grinzen tusken feit en fiksje ensafhuorthinne. It krekte programma kin yn oerlis fêststeld wurde.

Foar fierdere ynformaasje kinne jo kontakt opnimme fia it kontaktformulier of fia 06 144 944 47.

De boektrailer jout in earste ympresje fan De koma-korrektor.