Presintaasje twa boeken Janneke Spoelstra
Sneintemiddei 7 april presintearret Janneke Spoelstra
har tredde dichtbondel Wij yn 'e draaimûne en har earste roman De parallaks
yn doarpshûs De Kampioen, Skoallestrjitte 9, yn Hijum.
Tiid: 15:00-17:00 oere (Ynrin: 14:30 oere).
Mei ynlieding op dichtbondel en roman troch Ernst Bruinsma (útjouwer).
Mei optredens fan: de dichters Syds Wiersma (syn pake wie timmerman yn Hijum) en Sytse Jansma (syn pake wie wethâlder fan Ljouwerteradiel), skriuwster Baukje Zijlstra (har heit wie militêr yn Ynje) en Gerda Tolk (boechbyld fan rôs Fryslân, wenne yn Stiens en yn Hijum).
Muzyk: Herman Peenstra (muzikant te Hijum).
It earste eksimplaar fan 'e dichtbondel wurdt oanbean oan Sieb Lemstra (âld-skoalmaster yn Hijum). It earste eksimplaar fan 'e roman wurdt oanbean oan Gerda Tolk.
Wolsto/Wolle jo der by wêze, dan graach oanmelde by Janneke Spoelstra fia: oerset@planet.nl.
Mei finansjele stipe fan Stichting Cultuur Regio Stiens en gemeente Ljouwert.
Yn gearwurking mei Utjouwerij Afûk.