Mist
Mist
♣
Us heit is dea. Stoarn yn de tropyske bosken fan Indië, sil er sels wol tocht ha, mar hy lei gewoan yn in sikehûsbêd yn Ljouwert. Dagenlang siet ik by him, fage him it swit fan de foarholle, flústere gerêststellende wurden, as tsjin in bern. Hy wie bytiden sa deabenaud, alles kaam wer werom: de patrûljetochten troch de wiete rysfjilden en oer de tichtbegroeide bergen, it op wacht stean yn it iere tsjuster fan de nachten op Java, de kûgels dy't him om de earen fleagen by de aksjes, it hutsjemutsje yn it rom fan in smoarhyt skip sliepe, it tichtslaan fan de swiere izeren doarren yn Fort Spijkerboor. Tusken it opjaan fan bloed en it delbêdzjen troch de ferpleechsters troch, belibbe er benaude morfine-aventoeren, mar as er by de tiid wie, wie er noch aardich fleurich, al treau er de hannen fuort fan de ferpleechster dy't him in nije morfinepleister jaan woe. Net dy dreamen.
Wylst Soekarno mei de Japanners om tafel siet yn de hoop der in frij en feriene Yndonesië út te slepen, boarte ús heit noch yn it hea. Hy wie doe al achttjin, mar noch de boartlike kant it neist. Fiskje, aaisykje, swimme, sleatsjespringe, leafst wie er bûten. Mar yn de werklikheid fan dy dagen siet er meastentiids op 'e souder fan it lytse arbeidershûske yn Driesum, dêr't se mei harren achten wennen. Underdûkt foar de Arbeitseinsatz siet er dêr hiele dagen te spinnen, om sa dochs noch wat by te dragen oan it gesinsynkommen. Winters siigde de skerpe noardeastewyn troch de kieren tusken de dakpannen, simmerdeis wie it der net te hurdzjen, as yn in bakoven sa hyt. En altyd allinnich mar dat iene lytse smoarge skiterige souderrútsje om oan ôf te mjitten oft it ljochtskyndei of ierdenacht wie. Hielendal mâl waard er dêrfan. Doe't einlik de Kanadezen kamen, tsjinne him in nije wrâld oan, en yn dy wrâld wie in soad te dwaan. Al fuortendaliks nei de befrijing yn april hie prins Bernhard hifke hoefolle Fryske manlju ree wiene om nei de East te gean, en yn it Friesch Dagblad en it Jongelingsblad sil er ek wol it ien en oar oer Indië lêzen hawwe. Op in stuit sil it wol yn 'e hiele provinsje gûnze hawwe: 'No moat Indië noch frij!', dat sa nuver wie it net dat heit him as oarlochsfrijwilliger oanmelde.
Hoe faak hat er net ferteld oer syn tiid yn Indië. Altyd deselde ferhalen, dat wol. As bern tochten je dan wolris: och heden heit wer, hear, mar ûndertusken iepene it wol in hiel oare wrâld foar ús. In wrâld fan kaaimannen en rysfûgels, papaja's en pisangs, selamat makan en terimah kasih. Mar gjin ferskrikkings, dêr stiet my neat fan by, ferskrikkings. Miskien dat dêrom sa let de fragen kamen: wat hat heit dêr eins útheefd, hoe wie it dêr écht, wêr dreamt heit sa oer? Doe't de fragen kamen, wie ús heit syn holle al aardich op 'e rin, dat antwurden kamen der amper. Tsjûgen moast ik ha, foardat se allegear ûnder de griene seadden leine.
♦
Och heden Hidskes ja, Simon Vonk, dat wie myn buorjonge yn Driesum. Fansels kin ik mý him noch yn 't sin helje. Wý hawwe ús tegearre as OVW'er oanmeld foar Indië. Myn ûnthâld is net altyd like bêst, mar dat wit ik noch as de dei fan juster. Jonge ja, it wie iere maitiid, krekt nei de befrijing, en wý wiene hielendal oerémis, mâl yn 'e kop heite. It yntekenburo yn Dokkum wie amper iepen of wý op de fyts derhinne, oan 'e Legewei wie dat, dêr't letter de bioskoop wie. De tjirken tjirgen har, de ljippen sloegen de roeken, de ljurken hongen heech yn 'e loft, man, man, wat lei it lân der moai hinne!
Mar ja, doe't de Jappen it in skoftke letter opjoegen wie de hite hei der al in bytsje ôf. En doe't ek noch bliken die dat de foarsjennings, it materieel, de klean en neam mar op goed kloaten foar de bok wiene, no, doe hie ik it al aardich besjoen. Mar Simon dy hie de kop derfoar, dy woe foarút, en hý naam mý op sleeptou. Earst nei Glasgow, dêr krigen wý ús oplieding, doe werom nei Nederlân om de tsjinstplichtigen op te lieden, yn Nijmegen kamen wý telâne. En úteinlik, pas yn oktober '46, nei Indië, mei de Indrapoera, as hjerrings yn in tontsje. Je koene je de kont net keare, mar nachts, as de measten yn harren hingmatte leinen, dan sieten wý noch wol gauris op it efterdek, nei de ljochtjouwende fleanende fisken te sjen. 'Hastû der noch fidúsje yn?' frege ik op in kear. Hy helle de skouders op. 'De gewoane minsken, dy't nearne wat mei te krijen hawwe mar dy't faak it meast te lijen hawwe, binne tink wol bliid as wý der binne,' sei er, 'en dêr doch ik it foar.'
It wie in earmoedsoadsje, hear, seker it earste healjier: ús ûnderkommen wie faak smoarch, it iten wie ientoanich, en wý hiene earst mar ien pak klean, dat dat moast hast alle dagen wosken en sa gau mooglik wer droech. En dan de skuon: hiest wier mazzel ast de goeie maat te pakken krigest, en dan noch: it wiene prima fjildskuon foar oerdeis, mar nachts dan hearden de soldaten fan it TNI ús al fan fierren oankommen: de olifanta belanda, want spesjale slûpskuon, dy wiene der net, dêr hawwe wý ik wit net hoe lang op wachtsje moatten, doe siet Simon al lang wer yn Nederlân, yn Fort Spijkerboor. Mar earst hat er noch yn Garoet fêstsitten. Wêrom? Ien of oar akkefytsje dat er in befel wegere hat. Neffens mý wie it sop de koal net wurdich. Unienichheid mei de iene of oare sersjant. Ja, dat baas-boppe-baas-gedoch yn it leger, dêr koe er ferrekte min oer, krektlyk as ik sels eins. Frij man wolle jo wêze, no? Dat giet net samar oer as jo in pear jier yn it leger sitte.
♣
Yn Kerkrade bewarje se alle persoanlike militêre dossiers. Ik stjoerde harren in kopy fan de akte fan ferstjerren fan ús heit en in wike letter hie ik in úttreksel fan registrearre gegevens út syn dossier yn hûs. Sa maklik giet dat, yn in lân dêr't alles op oarder is. Fan it momint ôf dat er as frijwilliger yn tsjinst kaam oant syn ûntslach ein '48, alles stie der yn, koart mar krachtich, ien A-fjouwerke, ynklusyf de nammen fan de boaten dêr't er mei fard hie en de data dat er de Kearkring passeard wie, sawol hinne as werom: prachtich. Mar fierwei it grutste blok tekst wie hielendal net sa prachtich: Bij vonnis van de Krijgsraad … veroordeeld tot EEN jaar en ZES maanden … onmiddellijke in arreststelling.Net dat ik dêr no safolle wizer fan waard, want in reden stie der net yn. Dat ik mar ris belje mei it argyf yn Kerkrade. Ik krige in tige aardige, behelpsume man oan 'e tillefoan. Nee, it úttreksel wie alles wat se my ferstrekke koene. Hy koe noch wolris sjen… hee, tafallich hie er de argyfmap noch yn 'e kast te stean, efkes sjen… opzettelijke ongehoorzaamheid … volhardt in ongehoorzaamheid … niet in beroep gegaan … Mear koe er net sizze, mar miskien dat it komplete fonnis noch wol fia it Nasjonaal Argyf op te freegjen wie. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: dat wie sa. Nei wer de akte fan ferstjerren opstjoerd te hawwen krige ik in scan werom dêr't it hiele ferhaal yn stie, yn tige wiidweidige juridyske taal, dêr't ik om hiel earlik te wêzen noch net folle wizer fan waard. Mar sa kaam ik al oan de namme fan de 'ien of oare sersjant': Martens.
♠
Fan it begjin ôf oan mochten jim heit en ik mekoar net lije. Wat dat no krekt wie, ik wit it net. Hy wie och sa rjocht troch see, naam it altyd foar syn jonges op, neat mis mei fansels, mar by tiden wat al te rjochtlinich, sûnder mear in Fryske stiifkop. En fan 'e oare kant koe er och sa treiterje, krekt noch efkes je wurden ûnderút helje, en dan sa spytgnyskje, poerrazend waard ik dêrfan. Mar ik wie doe fansels al syn meardere, dat úteinlik hie ik it foar it sizzen. Dy deis dat it ferkeard gong, dat sil wol yn septimber west ha, in pear wike nei de earste polisjonele aksje. Der wie bot fochten, foaral by Tasikmalaja, en wy hiene ferskate mannen ferlern. Us eindoel lei by Garoet, mar ek nei de wapenstilstân wie de hiele wei tusken Tasik en Garoet gefaarlik, De Dodenweg waard er ek wol neamd. It wie in wichtige oanfierrûte foar foeraazje, munysje ensafuorthinne, en dat hiene de pelopors ek al gau yn 'e gaten, dat dêr konsentrearre him de guerilja. Dat betsjutte foar ús patrûlje rinne, hiele dagen en nachten wacht hâlde en patrûlje rinne. Mar je sieten dêr eins as rotten yn 'e fâle, want oan de iene kant fan de wei leine rysfjilden yn 'e djipte, mei hjir en dêr in kampong dêr't je noait fan wisten oft de befolking gjin ekstremisten yn har fermidden hie, en oan de oare kant rûn de berm steil omheech, sa it oerwoud yn, en ek dêr wisten de guerilja's fansels better de wei as wy. Je koene gjin kant út.
Op dy dei dus sieten wy mei syn fjouweren efter slûpskutters oan dy't yn 'e buert sinjalearre wiene, twa man foar eltse kant fan de wei. It hie ek al in lange, hite nacht west, mei in soad fijanlik fjoer op ús kamp, de mannen wiene wurch en toarstich. Moatst dy foarstelle datst hielendal út 'e liken bist en datst witst dat oan beide kanten fan de wei eagen tusken it strewiel je dwaan en litten yn 'e gaten hâlde, ree om ta te slaan sadree't de oandacht ek mar efkes fersloppet. De mannen wiene op har iepenst, senuweftich en gau rekke. Op in stuit splitste de wei him yn twaen, om in stripe mei ticht beammeguod hinne. We oerleinen efkes wat te dwaan, mar om foar it hiele gebiet sein feilich te jaan moasten we wol beide kanten berinne, twa man oan eltse kant, dat ik joech it befel 'opsplitse'. Vonk begûn wat te fûterjen: 'Dit is net heal fertroud' en soksoarte praat. Ik tink: 'Bliksem, aanst komme se noch op ús geargumintear ôf, oanfiterje no.' Mar Vonk jout gjin sjoege. Ik tink: We moatte hjir wei, dan de druk mar wat opfiere, en sis: 'Asto sa trochgiest dan wurdt it de Kriichsried, Vonk.' Hy sjocht my oan, mei alle grimmitigens dy't yn him is, en hy spuit my hast yn it gesicht: 'Ik ferdom it.' No ja, doe woene de oare beide ek net mear fansels.
Dat wie eins alles, ja. It wie gewoan de drip dêr't de amer fan oerrint, ik tocht: no bin ik der hielendal klear mei. Dat ja, fuortendaliks nei it weromkommen yn it kamp haw ik in rapport opsteld, sa lilk as ik wie. Dêr haw ik letter noch wolris spyt fan hân, dat moat ik earlik sizze. Uteinlik sieten we allegear yn itselde skip, dat sjogge je better nei't it langer lyn is. Oardel jier hat er krigen, dat hie fan my no ek wer net hoegd. Ik haw him dêrnei noait wer sjoen.
♥
Myn broers, jim heit en omke Haye, hawwe beide yn Yndonesië sitten, Simon as volunteer en Haye twa jier letter as tsjinstplichtich soldaat, mar dat witst wol. Simon hie it fuortendaliks nei de oarloch al foar it snotsje: nei Indië ta! Us heit, jim pake Minne, dy fûn it mar neat dat syn âldste soan sa fier de wrâld út gie. No wie Simon altyd al wat dwers foar de kop, dat dat der bard is wat der bard is hat my net sa fernuvere. Net dat wy it dêr tegearre ea oer hân ha, dêr praten je net oer, de ôfstân wie ek te grut. In pear moanne neidat hy werom wie setten Jaap en ik al ôf nei Kanada.
However, ik sil noait wer ferjitte hoe't ik him tegearre mei ús mem opsocht haw yn Fort Spijkerboor, dêr siet er gefangen. Dat wie foar ús in hiele reis, mei de bus oer de Ofslútdyk, en mem wie al aardich crippled, dat ik hie der hast net fan sliept dy nachts. Yn it fort hiene se fan dy besitekeammerkes, ik leau net mei glês dertusken, mar der siet al de hiele tiid in bewaker by, dat frijút prate wie net de bedoeling. Mar wy praten Frysk fansels dus dy Hollânske bewakers koene dochs lang net alles folgje.
Sa fertelde Simon ús dat hy op 'e tún wurke, krekt bûten it fort. Dat wie eins in strafmaatregel, mar foar in bûtenminske as jim heit wie der gjin moaier wurk. Straf wêrfoar? Hy wegere om mei de militêre exercise mei te dwaan: marsjeare, ekserseare, hy wegere it gewoan. 'Ik bin net mear yn tsjinst, en al soene se my deaslaan, se krije my net werom nei Indië, al myn libbensdagen net,' sei er, en hy miende it. Mar och heden, dan stie er wolris efkes mei de foet op 'e bats, oer de fjilden te dikerjen. Hy koe alle fûgels oan harren flecht en rop, moatst witte. En dan seach er de toer fan De Ryp yn 'e fierte, mar hielendal doe't it ienkear maitiid waard, dan dikere er krekt sa lang oant er tocht dat er de toer fan Driesum seach.
However, ús mem en ik úteinlik dat hiele stik wer werom, oeren en oeren yn 'e bus foar dat iene healoerke praat fan neat. Us mem hat de hiele wei werom gûld.
♣
Prachtich fûn ik dat: sels sneupe yn it Nasjonaal Argyf. Wat ik allegear net fûn haw: patrûljeferslaggen fan ús heit; op syn tweintichste hie er blykber al itselde hânskrift as letter, in minskelibben letter, doe't er yn myn poesie-album skreau: Wil Hem alles maar vertellen, ook al heb je kwaad gedaan. Ferslaggen fan gefjochtsaksjes, kompleet mei in kaart mei dêrop de posysjes fan alle mannen, oanjûn mei krúskes en stokjes en rûntsjes. En dêr, efter in partij strûken of sa, in stokje mei in rûntsje mei in 2 derby: kpl. Vonk. Dêr siet de jongfeint dy't doe noch net iens nei ús mem sjoen hie, lit stean dat myn berte al in útmakke saak wie.
Mar úteinlik wie it tafal dat my op it spoar brocht fan de fjochterij. Sykje en fine binne noch altyd twa dingen, dy't bytiden neat mei elkoar te krijen hawwe. Dat se my de doas joegen dy't net iepenbier wie, de iennichste yn in hiele rige mei in griene sticker, dat hat fêst in deagewoane minsklike fout west, sa as we dy allegear wolris meitsje as it drok is en te hyt op ús wurkplak mei klimaatbehearsking. Ik hie noch in mail krigen fan tefoaren: nûmer 2502 is net te rieplachtsjen want net iepenbier. No bêst, dan net, by myn witten sieten dêr allinnich de listen mei sneuvelen yn. Ik wie wol nijsgjirrich oft der op 'e dei foardat ús heit der de brui oan joech eksepsjoneel folle minsken omkommen wiene. Dat ja, ik blêde wol troch doe't ik yn 'e gaten krige dat ik dy listen no dochs yn hannen hie. Hoeden seach ik nochris op 'e sydkant fan 'e doas en ja hear: nummer 2502, griene sticker. Bledside nei bledside, allegear dea: sneuvele by in aksje, ferdronken by it oerbringen fan wapens oer de kali, de hals útsnijd by it wachtrinnen, stoarn oan ferwûnings oan búk en boarst, oprûn by it patrûlearjen. Mar doe't de deaden op wiene, wie de doas noch lang net leech, en ynienen koe ik folle better begripe wêrom't dit net iepenbier wie. Yn in oarloch, sels yn in oarloch dy't polisjonele aksje neamd wurd, binne deaden fansels tryst en djip te betreurjen, mar dochs in soarte fan bedriuwsûngefal: it heart derby. Mar jildt dat ek foar de bedriuwsûngefallen fan in oare oarder? Dêr stie it swart op wyt: … ernstig verward … psychisch onbekwaam voor de dienst … poging tot zelfmoord … zelfmoord … Hoefolle dêrfan hawwe de rest fan harren libben 'psychisch onbekwaam' omrûn? Net dea mar wol deroan ûndertroch gien?
Ik fielde my dochs net hielendal op myn gemak mei dizze net-iepenbiere doas op myn tafel, en ik woe de boel al wer werom stopje doe't myn each foel op de namme dy't ek mines is. Wat die ús heit yn dizze doas? En dan al dy wurden dy't totaal net by him pasten: … peloton volkomen uitgewerkt door oververmoeidheid … drank in het spel … over en weer schoten gelost … disciplinaire maatregel … teruggesteld in de stand van soldaat … Ja, dat lêste stie ek al yn it úttreksel fan heit syn dossier, mar sûnder reden, dat ik hie der gewoan oerhinne lêzen. Krekt sa as ik yn earste ynstânsje oer de namme fan de twadde oanbelangjende hinne lies: sgt. J. Martens. Besykje mekoar in kûgel troch it liif te jeien wie dochs noch wol efkes wat oars as mekoar net lije meie. Mar der stie neat oer yn it fonnis, mei gjin wurd. Ik seach nochris nei de deitekening fan it rapport: dit wie al dagen, ja wiken foar it wegerjen fan it befel foarfallen.
♥
Sa't ik al sei, we hawwe it der eins nea oer hân, ik wit net iens krekt wêr't er foar fêstsitten hat. In Hollânske sersjant besketten? No, dat liket my sterk, dêr soe er dochs wol wat oer sein hawwe. Still, ik kin my noch wol in akkefytsje heuge doe't Simon út Fort Spijkerboor weromkaam. Dy deis hiene ús heit en mem rûzje hân. Mem fûn: hoe stiller hoe better, net ien hoecht te witten dat er hjoed thúskomt. Mar heit sei: 'Wis en wrachtich net. Foar alle jonges út it doarp hat de flagge út west doe't se weromkamen. Us jonge hat ek yn Indië fochten, wat der letter bard is docht dêr neat oan ôf. Se kinne om my allegear yn 'e stront sakje, ik hingje de flagge út.' Dat sa kaam it, de read-wyt-blauwe flagge ta it souderrút út. Let op 'e middei kaam Simon de reed del, syn backpack oer 't skouder, ik sjoch it noch foar my. Sa meager as in latte wie er wurden, syn âld soldatepakje oan de tried ta fersliten en slobberjend om 'e skonken, in prikkestok mei fodden oan. Mem stoot ta de foardoar út, Simon set syn bagaazje del om har yn 'e earms op te heinen, mar dan sjocht er de flagge. 'Hea,' seit er ferheard. 'Krekt de ferkearde flagge om mei feest te fieren, net?'
However, lokkich hat er doe rillegau wurk fûn. Mar earst wie der noch wat gedoch mei in brief, dat hat er my letter wol in kear ferteld. It wie oktober '49 wol 'k leauwe, doe't der in pracht fan in brief besoarge waard. Dik, krêmkleurich papier, allegear wapens en stimpels en wit ik wat op de slúf: it Ministearje fan Definsje. Yn ien eachopslach hie er it besjoen: kans op rehabilitatie, terug in militaire dienst… Poer- en poerrazend wie er: 'As ik hjirmei akkoart gean, dan stjoere se my fuortendaliks wer nei Indië. No, ik fei der noch leaver myn reet mei ôf.' Ja wier, dat hat er sein, no en dan wie er heit út 'e kop snijd, dwars troch alles hinne. En dat wie dat.
♣
Al te lang haw ik der tsjinoan skytskoarre. Martens wie ek al dik yn 'e tachtich fansels. It is al in wûnder dat ik him noch fûn haw, en dat er mei my prate woe. Doe't ik wer belle, krige ik syn frou oan 'e line. 'Mei frou Martens.' En doe't ik nei him frege: 'Myn man is dea,' sei se fuortendaliks.
Ik haw it foarsichtich frege, oft har man it wolris mei har oer Indië hân hie, oer de slimme dingen dy't dêr foarfallen wiene. 'Wat bedoele jo?' Se waard fuortendaliks skerp, op har iepenst, of dat miende ik teminsten te hearren. Nee, se hiene it eins noait oer dy tiid hân, dat wie ek al sa lang ferlyn, doe koene se elkoar noch net iens. Fansels hie se wol fuort de earste kear sjoen dat er in earm miste, dat wie sa'n bytsje de iennichste kear dat se it der oer hân hiene. Wat er dêroer ferteld hie? Dat wie by in bergingsaksje foarfallen. In dei earder hiene der wer slûpskutters aktyf west yn 'e omkriten fan Tasikmalaja: wer twa kameraden dea. Op harren beurt hiene se ferskate pelopors deasketten, dy't troch harren kameraden op 'e flecht achterlitten wiene. Dat de oare deis gongen se werom om dy liken ek te bergjen. Se wisten dat dat gefaarlik wêze koe, de jonges wiene der noait sa happich op, mar Martens hie sein: 'It binne ek minsken, dy kinne we hjir net samar lizze litte. Ik sil wol foarop, folgje jimme mar op in ôfstantsje.' En dêr wie it al sa: by ien fan de liken hiene se in booby-trap dellein. It ding spatte sawat foar syn fuotten útinoar. Syn rjochterearm wie er foargoed kwyt.
Ik hie de moed net, ik hie deagewoan de moed net om har noch mear te freegjen. Ik haw har in protte sterkte winske en doe haw ik ophongen.
♦
Rikke iel heite, dêr meist mý wol foar wekker meitsje. Ik mei graach ielfiskje, in bytsje yn it wetter stoarje, dêr wurd ik oer it algemien wol rêstich fan. Foaral de lêste tiid is it mý sa no en dan aardich drok yn 'e kop. Sa besykje ik dan ta rêst te kommen, al slagget dat ek net altyd. De gedachten dy't je dan somtiden troch de harsens geane, en dat giet dan fan it ien nei it oar. De iel is in aasiter, dat witstû wol tink? Dan sjoch ik foar mý hoe't dat grouwe bist dat ik oan 'e heak haw ûnder wetter troch in heal fergien lyk hinne glidet en him dêr sêd oan yt. De grize giet mý dan oer de grouwe. Op datsoarte fan mominten is Indië net fier fuort.
Wat seistû? Martens hjitte dy man? Hearkes ja. No'st it seist, dat komt mý wol bekend foar. Sersjant Martens, no sjoch ik him wer foar mý. En no't wý it dochs oer liken hawwe: liken yn 'e greppel, dat haw ik ek mear as ien kear sjoen. Dy kear dêr't jim heit ek bý wie... O, hat Martens it dêr net oer hân? Dêr hawwe se oars letter noch aardige slaanderij oer hân, dat heucht mý noch wol, neffens mý waard der sels bý sketten. Net dat se mekoar rekken, mar dochs. Drank yn it spul? No, dat wit ik sa krekt net mear, jim heit wie net sa'n drinker. In pilske op syn tiid, mar dat wie it dan ek wol. Nee, neffens mý wiene se gewoan oerémis fan wat der dy dei bard wie. Ik wie der sels bý, deale. It gie om in mantsje dat wý al earder te pakken hân hiene, mar doe wie der neat út kaam, dat wý moasten him wer gean litte. It wie ek net altyd like maklik om it ferskil te sjen tusken in soldaat fan it TNI en in gewoane kampong-bewenner. Letter die bliken dat er dochs wat op syn kerfstôk hie, dat doe't wý dizze rampokker nochris tsjin it liif rûnen wie it 'meikomme' fansels. Wý binne noch in kilometer of fiif fan it kampemint ôf, seit dy Martens ynienen tsjin Simon: 'Sjit him dea.' Ferbjustere sjocht Simon him oan. Martens nochris: 'Ik lit him rinne, en dû sjitst him del.' Simon skoddet de holle, syn brune fel lûkt hast wyt wei, sa wier as ik hjir stean. 'Nee,' seit er, 'dat doch ik net. Dat is net neffens de Geneefse Konvinsje.' Sjoch, no kaam it ek nochris fan pas dat wý in goede oplieding hân hiene in Glasgow. Hoe hellet dy man it yn 'e harsens, soene je tinke. Mar wat seit dy kloat? 'Vonk, do wikselst dyn gewear mei de bren fan De Jong', dy wie der ek bý. Dat sý wikselje, en Martens seit tsjin De Jong: 'Dû sjitst him del as ik it sis.' Wilens stiet dat mantsje derbý, ferstiet der neat fan fansels mar wurdt al wat ûnrêstich. Martens knikt him freonlik ta, en seit: 'Jalan, jalan,', rinne yn it Maleis, en dêr giet er, earst noch wat skruten mar al gau set er de sokken deryn. Op dat stuit seit Martens: 'No,' en De Jong hellet de trekker oer. Wý hawwe dat mantsje dêr yn in greppel efterlitten en binne weromgien nei it kampemint. Wý hawwe der noait wer wat oer heard.
♣
De dei dat ús heit stoar, betiid op 'e jûn, doe't er wer in skoftke fuortsakke wie yn in lichte slommer, gie ik efkes in blok om, wat frisse lucht opsnuve, efkes net dy sikehûslucht. It wie al donker en in tichte mist wie opkaam, je seagen hast gjin hân foar eagen. De strjitlantearnen sweefden as bolle moannen yn 'e loft oan wjerskanten fan de dyk. Hearlik wie it, de frissens fan de fine dize, it mysterieuze fan it amper sicht hawwen, de swevende trêd fan in sliepwanneler. Wylst ik it paad nei de haadyngong wer op rûn, waard ik oerfallen troch in blidens, ik kin it net oars sizze, ik wie ynienen optein as in lyts bern foar har jierdei, oft der in lêst fan my ôffallen wie.
De doarren fan it sikehûs sûzen iepen en ik rûn troch de tekken fan waarme lucht dy't yn 'e gongen hinge. Fan fierren seach ik al dat de doar fan heit syn keamer ticht wie. In ferpleechster kaam my yn 'e mjitte. Se knikte my ta, die de keamersdoar foarsichtich iepen, krekt as koe de man ûnder it wite lekken noch wolris wekker wurde. Deastil wie it yn 'e keamer, deastil en mistich. Heit …?