Literatuer as leger of hûs fan waarm pleksyglês

08-12-2016

A language is a dialect with an army and navy is ien fan de earste dingen dy't ik learde doe't ik my yn myn stúdzjetiid begûn te ferdjipjen yn meartaligens (of miskien is it earder it lêste dat ik ûnthâlden haw). It is in siswize mei in wat dizenige oarsprong, dy't fraachtekens set by it ûnderskied tusken talen en dialekten, en de ferskillen earder taskriuwt oan politike en sosjaal-maatskiplike omstannichheden as oan taalkundige skaaimerken. Wat ik my fierders noch yn it sin bringe kin oer dat ûnderskied is dat in taal oer it algemien fêstlein is yn wurdboeken en grammatika's, en in literêre tradysje op papier hat. Dat sil wol net hielendal klopje, want hoe sit it dan mei talen dy't foaral in orale tradysje hawwe? Mar sokke fragen stelde ik doe noch net, of ik haw it ferkeard ûnthâlden, dat wol ik ek net útslute.

Wêr't ik no nei ta wol is dat wat it Frysk oanbelanget it mei dy wurdboeken en grammatika's wol goed sit en foarearst ek noch wol efkes goed bliuwe sil, mar dat dy literatuer op papier in bytsje yn it ferdomhoekje rekket. It liket der yn alle gefallen op dat de akademyske wrâld de kar al makke hat. Dat begûn fansels al mei it opheffen fan de stúdzje Frysk as apart fak – wat ek net goed oars koe mei úteinlik noch mar in pear studinten per jier – en it ûnderbringen yn in stúdzje dy't mear mei linguistyk en polityk te krijen hat as mei literatuer. Dêrnei wie der op akademysk nivo eins allinnich noch wat te ferwachtsjen fan de Fryske Akademy, mar dy leit har stadichoan foaral ta op skiednis en taalkunde, want foar letterkundich ûndersyk is, om ferskate redenen, frijwol gjin jild mear byinoar te krijen.

No is akademysk ûndersyk mar ien part fan in folslein literêr fjild. It is moai foar de erkenning, it gewicht dat dêrmei oan dy taal en literatuer takend wurdt, en it sil goed wêze foar it bewarjen derfan, mar hoe libben in literatuer is hinget fansels ek fan in grut tal oare faktoren ôf. Der binne teminsten noch útjouwerijen dy't Frysktalich wurk útjouwe, der binne in tal papieren en digitale tydskriften en kranten dêr't wurk yn publisearre en besprutsen wurdt, der binne literêre prizen en subsydzjes foar it skriuwen en meitsjen fan Fryske boeken, der binne noch boekhandels dy't Fryske boeken ferkeapje en der is in hoopfolle nije start fan de sutelaksje, dat folslein pessimistysk hoecht men no ek wer net te wêzen.

Mar úteinlik komt it dochs altyd wer op dizze fraach út: binne der ek noch genôch lêzers? Foar wa wurdt der eins skreaun? Is dat it lytse rûntsje fan minsken dy't sels ek al skriuwe, oft it no om primêre of sekundêre teksten giet, of binne dêrneist noch oare lêzers te finen? Minsken dy't op skoalle en/of thús goed genôch Frysk leard hawwe om wille te hawwen oan it lêzen, en dy't har dan ek noch oansprutsen fiele troch it wurk dat makke wurdt? Want dêr begjint it al mei: hoe lytser de doelgroep, hoe lytser wierskynlik it ferskaat oan teksten dat wurdearre wurdt. Of is dat te pessimistysk? Ik mei graach dreame oer in lân lykas Ruslân dêr't, alteast neffens ferskate korrespondinten dy't dêr wenne hawwe, taksysjauffeurs en ferkeapsters harren literêre helden – lykas Poesjkin – út de holle sitearje kinne. En soe in ferhaal lykas dat fan de jiskeweinsjauffeur yn Kolombia, dy't tusken it ôffal wei in biblioteek byinoar fondele hat foar de earme minsken yn syn wyk, yn Fryslân ûntinkber wêze? (Ik moat ynienen tinke oan antikwariaat Atsee, dy't de doarren slute moast, al dy boeken dy't úteinlik yn de ôffalkontainer belâne binne …)

Mar kom, ophâlde fan dreamen. Miskien is it wol wier dat it skreaune Frysk op har lêste fuotten rint, miskien fynt it gewoan net genôch wierklank. Mar foar al dy minsken dy't sizze dochs wiis te wêzen mei de Fryske taal, hjirby in punt fan berie: as in taal allinnich noch mar sprutsen wurdt, is sy (noch) folle gefoeliger foar ynterferinsje fan de dominante taal. Yn sprekken is hast eltsenien wat makliker en der sit ek in natuerlik soarte fan in oar yn de mjitte kommen yn. Foar literatuer leit dat justjes oars. Literatuer is sawol behâldend as fernijend, se leit fêst en se fynt út, se konservearret en rebelearret, se is it ilestiken hûs fan de taal, in hûs fan waarm pleksyglês: kinst dertroch fan binnen nei bûten sjen, mar ek fan bûten nei binnen, en kinst der alle kanten mei út. Hoe 't in taal echt is, dat sjochst yn it foarste plak yn har literatuer. In eigen leger en marine lykje my foar Fryslân winsklik noch helber, mar ik soe der wol oan tafoegje wolle: in taal sûnder literatuer wurdt betiid of let in dialekt.