Ik haw keazen
Hast in jier lyn begûn ik te wurkjen yn in mear as fulltime baan op oardel oere reizigjen fan myn hûs. Dat betsjutte wurkdagen fan minimaal tolve oeren, in grimmitigens/bewûnderings-relaasje mei de NS en wykeinen dy't yn it bêste gefal opgienen oan útteld op de bank lizze.
Yn earsten wie ik bliid: midden yn de krisis hie ik in fêste baan fûn by in fertroude útjouwerij mei in moai fûns, in wier wûnder. Ik hie der alles foar oer om dy baan te hâlden, tocht ik. It wie bygelyks de bedoeling nei it midden fan it lân te ferhúzjen.
Mar al gau kamen we der achter dat we eins neat hienen mei dat gebiet en dat de wenromte, al wie it mar in appartemintsje fan 60 m2, oer it algemien net te beteljen wie. Tel dêrby op dat we no yn de moaiste wyk fan Arnhim wenje, dus oer dy ferhúsplannen wienen we op in stuit al wat minder entoesjast.
Wêr't ik ek gjin rekken mei hâlden hie, wie dat ik yn de jierren dêrfoar sels feroare wie. Nei mear as 20 jier wurke te hawwen yn in maatskippij dy't hieltyd mear trochdraaide, sis mar: kikkert yn siedend wetter, wie ik yn 2012 ynienen wurkleas rekke. En fansels, ik makke my soargen oft ik oait fan myn libbensdagen noch wurk fine soe, en hoe't it oars moast, finansjeel, mei it hûs ensafuorthinne.
Mar yn de oardeljier dat dy wurkleazens duorre, fernaam ik ek noch wat oars: dat ik ûntstresst rekke. Ik seach de bledsjes wer oan de beammen kommen yn 'e maitiid, en ik hearde se oer de strjitstiennen risseljen yn de hjerst. En wat my noch wol it meast fernuvere: allerhande skriuwprojekten dy't ik myn heale libben al mei my meitôge, kamen ynienen wer op gong, en ik krige nije ideeën. It fielde rêstich en frij, as in minske ynstee fan in robot.
Ik hope dat ik dat fêsthâlde koe yn it wurkjende libben: balâns fine tusken wurk en privé en hokker oare moaie wurden dêr ek mar foar betocht binne. Mar it slagge net. Al gau die ik neat oars mear as wurkje foar de útjouwerij en reizigje, en bygelyks it skriuwen, om mar ien foarbyld te neamen, dat bleaun der by.
Dêrom haw ik keazen: foar de dingen dy't ik it leafst doch, foar mear frijheid en in stressleazer bestean, foar tiid en oandacht hawwe foar minsken en dingen, mar dus ek foar de ûnwissichheid fan it hawwen fan in eigen bedriuw, foar tige wikseljende ynkomsten, foar it missen fan kollega's en hokker fangnet dan ek.
Soms is der gewoan gjin ûntkommen oan, liket alles gear te wurkjen om ta in definitive konklúzje te kommen, sels as dy konklúzje is: ik wit net wat it wol is, mar dit is it yn alle gefallen net. Dat wie in hiel oare kar as dat ik tocht dat ik meitsje moast.
Mar no 't ik dizze kar ien kear makke haw, liket dy oare kar, tusken skriuwe yn it Frysk en skriuwe yn it Nederlânsk, ynienen in stik minder wichtich. Want it is wier: fernimst it fansels yn hokker taal it derút komt, dat lit him mar oan in hichte ta twinge. Dus: ik slút neat út, ik skriuw yn it Frysk én yn it Nederlânsk, ik mei it hielendal sels witte, as in frij mins.