Grinsgongers: literêr programma Baukje Zijlstra en Sytse Jansma
Fanwegen it corona-firus giet it programma yn Ljouwert en Burgum net troch.
Yn de Boekewike sille oersetter fan it Boekewikegeskink en skriuwer Baukje Zijlstra en skriuwer en byldzjend keunstner Sytse Jansma op ferskate lokaasjes in literêr programma fersoargje mei de titel Grinsgongers.
Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Twa skriuwers dy't wurkje yn in meartalige werklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy't taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben?