Fryslân en de wrâld

09-09-2016

Leaf.

It is no hast in jier ferlyn dat ik myn lêste blogje skreau op dit plak: immen moat dochs it minst regelmjittich ferskinende blog foar syn/har rekken neame. Op dat stuit tocht ik: gjin gemier mear mei blogjes en ferhaaltsjes en oare lytse dingen, eltse letter dy't ik no noch op papier set, sil wêze foar it boek dêr't ik mei dwaande bin. Mar sa no en dan is it dochs wol noflik om, tusken de drokke wurksumheden fan in gewoane wurkwike troch, efkes mei wat oars dwaande te wêzen, wat lytsers, wat lichters, of sûnder mear: wat oars.

En sa is de goede kunde út it lêste bloch in freon wurden: foar de tredde kear haw ik in Rely Jorritsma Priis wûn foar in ferhaal en it is wer in fantastyske opstekker. Oft de freon ek in goede freon wurde sil, moat yn de kommende tiid bliken dwaan. Om krekt te wêzen: mei it skriuwen fan dat boek dus, dêr't ik al in skoft mei dwaande wie yn it Nederlânsk, mar dat ik úteinlik miskien dochs wol yn it Frysk skriuwe woe. No, safier bin ik wilens dan wol: it wurdt in Frysk boek.

In skoftke ferlyn lies ik Where I'm reading from (Waarom ik lees) fan Tim Parks, oer de feroarjende wrâld fan it boek, oer lêze, skriuwe en oersette, mar ek oer bygelyks it libjen yn ferskillende talen en kultueren (hy is in Brit dy't yn Italië wennet). Yn ferskillende fan de essays yn dit boek hat er it oer de ienheidswoarst dy't it publisearjen fan wrâldwide bestsellers opleveret. De dominânsje fan it Ingelsk yn de wrâld, ek yn de literêre wrâld, soarget derfoar dat eltsenien leafst ek yn it Ingelsk publisearje wol. Mar it berikken fan dyn lêzers giet net allinnich oer de taal wêryn't it boek skreaun is. It giet ek oer de efterlizzende wrâld, de kultuer wêryn't it ferhaal har woartels hat. As dy kultuer te spesifyk is, is it foar de rest fan de wrâld net mear goed nei te kommen, of op syn minst misse se de helte fan wat it ferhaal wêze kin (al tink ik dan fuortendaliks: ek yn dyn eigen taal kinst ferkeard begrepen wurde). Parks nimt oan dat in soad skriuwers hjoed de dei stikem dochs rekken hâlde mei in wrâldpublyk, en dêrom op foarhân (of op fersyk fan harren útjouwers) al te spesifike dingen út harren ferhalen weilitte: in foarm fan selssensuer sis mar.

Mar foar wa skriuwst eins? Wa wolst eins berikke? Skriuwst foar de wrâld of foar de eigenste mienskip? (Ik hoopje dat ik dat lêste wurd noch brûke kin sûnder dat eltsenien fuortendaliks oan CH2018 tinke moat; en ja, dit is in rôze oaljefant.) Parks fynt yn alle gefallen: foar de eigenste mienskip. Literatuer is der krekt foar bedoeld om wól spesifyk te wêzen, om wól minsken oan te sprekken op grûn fan details dy't net foar eltsenien relevant binne, om dingen mei sa krekt mooglike wurden foar te stellen ensafh. Al moat der earlik by sein wurde: dat is maklik praten, as dyn memmetaal tafallich it Ingelsk is en sowieso it grutst mooglike lêzerspublyk betsjinnet. Dat jout er sels ek ta yn it essay oer de Dútske film dy't fan ien fan syn Ingelsktalige romans makke waard. No fernaam er sels ris hoe't it is om oersetten te wurden. Want wie dat no wol it krekte wurd yn it Dútsk, en klonk it sa net hiel oars as er bedoeld hie? En dan wie it ek noch brocht yn in Dútske (Eastenrykse/Súd-Tiroolske) setting, geografysk en maatskiplik, wie it dan syn ferhaal eins noch wol? Bekende fragen foar eltsenien wa syn/har wurk wolris oersetten is. By in oersetting giet der dochs faak wat ferlern, al is it net maklik te omskriuwen wat dat no krekt is.

Yn grutte linen bin ik it wol iens mei Parks. Fan de oare kant: it is ek in foarrjocht om yn meardere talen libje te kinnen. Ik hâld fan it Frysk, dat komt it tichtstby en yn dizze taal kin ik dingen sizze op in wize dy't foar myn gefoel yn gjin inkele oare taal mooglik is; mar ik hâld ek fan it Nederlânsk, de taal wêryn't ik al sa'n tweintich jier boeken redigearje, en no't we it dochs oer oare talen hawwe: as ik Ingelske boeken lês, bin ik soms planút jaloersk op minsken waans memmetaal dat is. Op sa'n ûnneifolchbere wize sinnen en alinea's yn elkoar sette kinne, en dan, mei wat lok en talint, fan natuere witte hoe't dat moat: holymetoly.

Goed, skriuwe yn it Frysk dus. Friezen (ûnder in ûntychlik soad oaren) hawwe yn alle gefallen de kar tusken in lytse en in wat minder lytse of miskien sels grutte taal, en kinne der foar kieze te skriuwen foar in lyts, spesifyk publyk; lês Parks der mar op nei: dat is net foar eltsenien weilein. En wêrom soe it antwurd op de fraach 'Wa wolst eins berikke?' net wêze kinne: yn it foarste plak de Frysktaligen (de memmetaaldielers, wêrûnder faak it grutste part fan de famylje, de memmetaaldielers yn it kwadraat), dan de Nederlânsktaligen (wêrûnder faak in grut part fan de freonen, en dyjingen mei wa'st faak deselde literêre wrâld dielst), en dan – wêrom net, as straks nei Frankfurt de ynteresse foar de Fryske literatuer booming wurden is – alle oarstaligen, ûnder it motto: Fryslân en de wrâld. Ja, wêrom net ...?