Ferbeane kleuren
As studint yn de jierren tachtich fan de foarige ieu tocht ik oprjocht dat we ûnderweis wienen nei in androgine maatskippij. Alles wiisde derop: frouwen mei skouderfullings, mannepakken, opskeard hier en Doc Martens, mannen mei kohlpotleadstreepkes ûnder de eagen, eyeliner boppe de eagen, in slach yn it lange hier of sels permanint, en deselde Doc Martens as de frouwen. De grutste ferskillen soene weifalle en mannen en frouwen soene hieltyd mear nei-inoar ta groeie. We soene beide likefolle foar de bern en it húshâlden soargje, yn alle frijheid foar deselde beroppen kieze en foar itselde wurk itselde fertsjinje.
Dat dêrmei de kar mei wa't je seks hawwe woene ek folle grutter wurde soe, wie fanselssprekkend. As mannen mear op frouwen lykje soenen en oarsom, koest foar elkenien falle, op basis fan oare arguminten as sekse. De yndieling yn hetero's, homo's, lesbiennes en biseksuelen soe oerstallich wurde. Dan soest allinnich noch op persoanlikheid, uterlik, karakter ensafuorthinne falle en soe de sekse der hielendal net mear ta dwaan.
Miskien ferkearde ik wol yn in hiel lyts groepke dat dy gedachtegong omearme, mar yn myn jeugdich entûsiasme miende ik it oeral om my hinne te sjen. Yn it útgeanslibben seach ik frouwen dy't de iene dei mei harren earms om in man hinne efterop de fyts sieten, en in skoft letter hân yn hân rûnen mei de frou mei wa't se de jûns derfoar oan it biljert stien hienen. En ja, der wiene frouwekafees en homodiskoteken, mar hiel strikt wie it allegear net mear, mei mingde selskippen kaamst der altyd wol yn.
Ik wol it ferline net moaier meitsje as it is, nostalgy kin ek gefaarlik wêze, mar no, 25 jier letter, liket it hast in soarte fan utopia. En sa as elk utopia, sil it wol net bestien hawwe en, sa't it no liket, wol noait bestean. Wat it nei-inoar ta groeien fan mannen en frouwen betreft is der miskien wol wat foarútgong boekt, mar tagelyk lizze de winkels sels foar folwoeksen frouwen fol mei berneservyskes (eat mei Blond en Amsterdam) en is it hawwen fan gjin of sa min mooglik skamhier moade: foar ivich famkes fan acht. Fierders rinne holebi's ek yn Nederlân wer aardich de kâns op strjitte yninoar trimd te wurden en falt it op skoallen, foar learlingen en dosinten, net ta om út de kast te kommen sûnder it libben in stik lestiger te meitsjen. En dan haw ik it noch net iens oer de demonstraasjes yn Frankryk tsjin it homohoulik of de diskusjes oer Sotsji.
Werom nei de jierren tachtich. As illustraasje by it feit dat de grinzen tusken stoer en gefoelich, macho's en suertsjes, homo's en hetero's net altyd like helder binne, haw ik in nûmer út de âlde-YouTube-doaze fiske: Forbidden Colours. Yn 1983 wie dit it titelnûmer fan de film Merry Christmas Mr. Lawrence, basearre op it boek The seed and the sower fan Laurens van der Post, oer Ingelske kriichsfinzenen fan de Japanners yn 1942 op Java. It is in nûmer fan David Sylvian en Ryuichi Sakamoto; de lêste spilet ek in haadrol yn de film, neist ûnder oaren David Bowie. Dan hast it oer trije bloedmoaie mannen dy't yn it deistich libben ek net benaud wienen foar in bytsje eachmake-up.
Yn de film binne it stoere bikkels mar ek gefoelige minsken, dy't fereale wurde kinne op alles wat net mei: in oare man, in oare nasjonaliteit en kultuer, de fijân. Eins is de hiele film sa: wreed en gefoelich, estetysk en rûch, leaf en gewelddadich, oandwaanlik en walchlik, sa ôfwikseljend en ûngrypber as it libben sels. Wa wit hoefolle minsken der op de wrâld binne dy't langje nei in libben wêryn it allegear net sa helder is wa't mei wa gean mei. Dêrom, en omdat dit it lêste wykein is fan de anti-holebi-olympyske-winterspullen yn Sotsji, hjirby yn de tredde minút in lytse revâns: de tút fan Bowie en Sakamoto.