Fage kunde of goede freon?
Goh, hoe moat ik dat gefoel no ûnder wurden bringe? Ien Rely Jorritsma Priis is in tafalstreffer, fage kunde dy 'st moetest yn de kroech: gesellich mar frijbliuwend. Twa Rely's is goede kunde dy 't miskien wol in goede freon wurde kin, ien dy't tsjin dy seit: 'Wy hawwe in ôfspraak, dy stiet, dus no ek trochsette, oars hoech ik dy hjir net wer te sjen.' Mar ja, ik bin noch altyd dwaande mei it Indië-ferhaal, in ûnderwerp dat my dierber is, yn it Nederlânsk, en mei de lêste ferzje bin ik in aardich ein op wei. Ik doar it mysels dan ek amper ta te jaan, mar it is no wol sa: eins bin ik wol benijd wat der barre soe as ik myn meast dierbere ûnderwerp keppelje soe oan myn memmetaal, Frysk skriuwe dus. Ik fyn it noch altyd in dilemma, mar miskien is it no wolris tiid om dat oan te gean, ynstee fan der hieltyd mar foar fuort te rinnen.
It kin neffens my lykwols allinnich mar slagje as ik hielendal opnij begjin, de taal efternei ûnderweis nei it ûnderwerp, en net de taal dwinge yn de foarm dy't it ferhaal yn in oare taal al krigen hat. Mar dan moat ik wol ophâlde mei eameljen oer it Frysk wol of net goed genôch behearskje, dat hâldt de boel fierstente folle op.
Boppedat: as der ien ding is dat ik leard haw yn de (Nederlânsktalige) útjouwerij, dan is it wol dat goed staverje kinne (om mar ien aspekt te neamen) net per se itselde is as goed skriuwe kinne. Dizze twa kapasiteiten en it gebrek deroan komme yn alle fjouwer mooglike kombinaasjes foar (dat soarget derfoar dat redakteuren en korrektoren altyd wurk hâlde). Dat ik sil de earste wêze om ta te jaan dat it je yn earste ynstânsje té bot drok meitsjen oer it korrekt brûken fan de taal, it brûzje litten fan de wurden ek yn de wei sitte kin.
Dus? Net benaud wêze, skriuwe bliksem.