Digifries

21-06-2013

Ik bin in Fries om utens, mar no't dat stadichoan al langer duorret as ik oait tocht hie, begjin ik my ôf te freegjen: hoe Frysk bin ik noch? Fansels, ik bin berne yn Fryslân en Frysk is myn memmetaal, en dat jildt ek foar myn âlden en har âlden ensafuorthinne. Mar dan. Fielt in Fries om utens him of har noch wol sa oars as in Twint bûten Twinte? En as dat net sa is, wêrom is der dan dochs noch in spesjale oantsjutting foar?

Om te begjinnen foldoch ik al net oan it klisjeebyld fan in Fries: haw gjin blond hier en gjin blauwe eagen, ik kin net keatse, fierljeppe, sile, net iens reedride want sloppe ankels, en it hat my jierren koste om swimdiploma A en B te heljen. Dan bin ik ek noch berne yn Dokkum en haw dêrnei it langst yn Ljouwert wenne; silst de Friezen de kost jaan dy't fine dat Stedsfriezen gjin echte Friezen binne. It lytse bytsje dat ik wit fan it doarpslibben en it boerebedriuw wêromhinne it ûntstien is, haw ik út de twadde hân, fan myn âlden en fan freondinnen dy't dêr wol yn opgroeid binne. Dus dat it Frysk in boeretaal is, sa't faak sein wurdt, soe foar my dan foaral betsjutte dat ik in aardich part fan it idioom fan syn libbensdagen net brûke sil, omdat it myn belibbingswrâld net werjout. As in taal foaral skitteret yn datjinge dêr't se yn woartelet, dan kin it hast net oars of myn Frysk is skraal.

Dochs moat in grut part fan myn Frysk-fielen wol yn de taal lizze, want dat is wol hast it iennichste ûnderskiedende dat der oer is. Mar om earlik te wêzen: myn sprutsen Frysk is faak post-babyboomer-bryk en dat is der de lêste jierren net better op wurden. En dan haw ik noch eksamen Frysk dien. Mar it giet fan my ôf. Ik libje al mear as tweintich jier folle mear yn it Nederlânsk as yn it Frysk, myn alderleafste is in Amsterdammer, as redakteur haw ik benammen yn myn twadde taal wurke en skriuwe en sels lêze giet my yn it Nederlânsk in stik makliker ôf as yn it Frysk. Dus wat myn memmetaal oanbelanget is it faak óf te min, óf te geef, omdat ik de oanpassings fan it deistich gebrûk mis en benammen as ik Frysk skriuw it wurdboek derby pak, krekt: út 1985.

Leit it dan miskien noch yn myn bân mei de kultuer? As ik wer ris ûnwennich bin, en alle middels tastien binne om mysels derfan te wjerhâlden de hiele jûn fergees (want fêstsittend oan in stapel stiennen yn Arnhim en totaal ûngeskikt foar de arbeidsmerk yn it noarden) op Funda op machtich moaie frijsteande goedkeape hûskes te gobberjen, dan surf ik gewoan nei It Nijs en Suksawat, Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante, De Moanne en Ensafh, en alle links dy't dat opleveret, en ik bin foar myn gefoel wer hielendal op'e hichte. En ja, ik haw tekene foar it behâld fan de stúdzje Frysk en in brief skreaun foar behâld fan subsydzje foar Tryater. Mar dan. Wat kin ik hjirmei, mei wa kin ik it diele, wat kin ik der oan bydrage, wat betsjut it foar myn deistich libben?

Soe ik net better dyselde enerzjy stekke kinne yn it kulturele libben hjir yn Arnhim of Gelderlân? Wêr helje ik eins it rjocht noch wei om my drok te meitsjen oer it ferdwinen fan kulturele ynstellings yn Fryslân, oer de ôffaloven by Harns of de wynmûnen wêr dan ek yn de provinsje? Bin ik net in hopeleas romantyske bûten-Fries dy't net iens yn'e gaten hat dat se der al lang net mear by heart? Ik wit it al, ik bin in hiele nije soart: ik bin in Digifries.