De ûndertoan, net de muzyk

02-04-2015

Wat is it dochs dat my oanlûkt yn minsken dy 't út 'e toan falle, oan nee-sizzers? Us heit wie in nee-sizzer (sjoch it foarige blogje), mar dat sil dochs net alles wêze, want hiel lang wie ús heit no net fuortendaliks myn grutte foarbyld, wylst ik dy foarkar foar nee-sizzers, foar bygelyks seerôvers (Sandokan!) en Robin Hoods, al te pakken hie doe 't ik noch in lyts famke wie. Doe 't ik in jier as 8 wie, woe ik it leafst sels de seerôver wêze (mar belâne meastentiids yn de rol fan haremdame).As ik sjoch nei de dingen dêr 't ik mei dwaande bin of west haw dan tilt it ek op fan de nee-sizzers: Simon Vonk, de haadpersoan út it ferhaal oer Indië; de bruorren Rinsema yn de jierren tweintich yn Drachten, dy 't mei har ynteresses en kontakten mei minsken as Theo van Doeburg en Kurt Schwitters ek ôfwykten fan de noarm; Vitus Bruinsma en Frederike van Uildriks, dy 't sa 'n frijfochten relaasje hienen dat sels harren sosialistyske freonen har dêrom falle lieten; types as Julian Assange en Edward Snowden, dy 't beide witte moatten hawwe dat harren wierheit ek it ein betsjutte soe fan in karrière en it derby hearren.

Wat al dizze minsken ek gemien hawwe is dat it wol nee-sizzers binne, mar gjin nihilisten. Se kreakje opbouwend ôf, stelle der wat oars foar yn it plak, oer it algemien sûnder derfan út te gean dat dat dan in soarte fan Utopia, de oplossing foar alles, is. Mar om Albert Camus mar efkes oan te heljen, noch sa 'n yndividualist en nee-sizzer dy 't tagelyk in lûd en dúdlik 'ja' tsjin it libben hearre liet: wat gjin doel hat dat kinst in doel jaan. It ferliezen fan de hoop, fan it leauwen yn grutte idealen, kin tagelyk in grutte stimulâns wêze om it libben te omearmjen: net wachtsje mar aksje, net dyn geastessibben mar dyn buorman, net hast mar hielendal, net moarn mar no: libje bliksem!

Mar ja, it giet yn alle gefallen ek oer lestige minsken, net maklik te pleatsen, te beynfloedzjen of te manipulearjen. Wat soe it foar bygelyks oerheden en bedriuwen maklik wêze as alle minsken foarsisber wienen, maklik te programmearjen, nei eigen winsk te foarmjen, mei tank oan de uniformearjende wurking fan sosjale media en de fier trochûntwikkele ortodonsy. Mar wat makket in minske? Is dat net júst de frijheid om ôf te wiken, om net oan de noarm te foldwaan, om nije dingen te betinken, om dwers te wêzen, of boartsk, om nee te sizzen, of ja, op in stuit dat men der it minst op fertocht is? In minske is net in robot, in minske is bytiden ynkonsekwint, en dat is syn goed rjocht. Dat makket it libben moai, fleurich, kleurryk en ûnfoarsisber.

As ik yn sa 'n stimming bin, dan sjoch ik graach nei de klip fan The Verve: Bittersweet Symphony. Net hielendal eksimplarysk, want wat hawwe we hjir: sa 't it liket in etterke fan de boppeste planke mei in nuvere blik yn 'e eagen, dy 't eltsenien omfier rint, fan âlde wyfkes oant jonge fammen ta. Mar wier, der binne fan dy dagen dat werklik alle oaren oan de ferkearde kant fan de stoepe rinne, datst it net helpe kinst datst tinkst: bin ik no werklik dejinge dy 't alle kearen oan de kant gean moat? Dat der in dei komt datst tinkst: wat der ek noch bart, ik gean myn eigen paad, en dat giet allinnich noch mar rjochtút. En dat dan op it net mear te ferjitten rjochtút rjochtoan ritme fan de fioelen fan The Verve: de ûndertoan, net de muzyk.