De sânde funksje fan taal: feit of fiksje?
In wurd dat wat feroaret oan de werklikheid.
Ofrûne simmer haw ik De sânde funksje fan taal, of om krekt te wêzen De zevende functie van taal, fan Laurent Binet lêzen. Syn foarige boek, HhhH (Himmlers hersens heten Heydrich), oer de moardoanslach op nazikopstik Heydrich yn Praach yn 1942, spruts my tige oan. Alle personaazjes yn dat boek hawwe echt bestien, en it is basearre op djipgeand feitenûndersyk dat de rêchbonke foarmet, mar ûndertusken is it hiele ferhaal ek in rafinearre spul mei feiten en fiksje. It is net foar neat dat der 'roman' op it omkaft stiet, krekt as by De sânde funksje fan taal. Wat my it meast oanstie wie dat de lêzer ek yn dit boek wer folslein op de ferkearde foet set wurdt as it giet oer it ûnderskied tusken feit en fiksje.
It ferhaal begjint op it stuit dat de Frânske literatuerkritikus, filosoof en linguist Roland Barthes, nei in lunch mei François Mitterand, slachtoffer wurdt fan in ferkearsûngelok en dêr in skoftsje letter oan stjert (feit); is it in ûngelok of is it moard? (offisjeel is it in ûngelok, mar de ús omjouwende wrâld jout genôch oanknopingspunten om yn al sokke gefallen te twifeljen oan de ynterpretaasje fan it feit); it soe wat te krijen hawwe mei de saneamde 'sânde funksje fan taal' (fiksje), de noait iepenbier makke oanfolling op de seis funksjes fan taal sa 't de linguist Roman Jakobson dy definiearre hat (feit) en dy't it tichtst komt by wat dêrneist de 'performative funksje' neamd wurdt: in feit (it is in begrip dat benammen yn de wittenskip brûkt wurdt, koart gear te fetsjen as: it sprutsen wurd feroaret wat yn de werklikheid), mar dan wol foar it karke fan de fiksje spand (want noait delset as it fermogen om wa dan ek, hoe en wêr dan ek, fan wat dan ek te oertsjûgjen mei wurden, sa as de funksje delset wurdt yn it boek).
It feit dat ik Wikipedy brûk om yn sa koart mooglik bestek wer te jaan wat de seis funksjes fan taal binne, bringt ek alwer in jústjes twifeleftige boarne en dus in bewyske fan fiksje yn it gehiel. Want: kinst eins wol ôfgean op in enseklopedy dy't ûntstiet út de wisdom of the crowds, of is werklike wisdom allinnich te finen yn de offisjele wittenskip, wylst hieltyd mear wittenskippers sels konkludearje dat risseltaten fan wittenskiplik ûndersyk foar in hiel grut part beynfloede wurde troch sawol de ûndersiker as de omstannichheden wêrûnder it ûndersyk útfierd wurdt, en dus hast gjin objektive wearde hawwe kinne, en der yn de grutte boaze bûtenwrâld sels minsken binne dy't leauwe dat wittenskip sels ek in leauwe is?
Binne jim der noch?
Miskien binne sokke dingen wol leuker om te skriuwen as om te lêzen: it sûnder foarbehâld folgjen fan dyn eigen gedachtekronkels[1], sûnder de needsaak te fielen fan in logysk ferbân en mei in absolút fertrouwen yn it analogyske ferbân. Werom nei it boek: de sêne wêryn't de skriuwer Philippe Sollers in debat ferliest trochdat er himsels folslein ferliest yn de net mear nei te kommen wurdenbrij fan in heechstpersoanlike analogyske redenearring, wurdt yn earste ynstânsje oandroegen as it bewiis fan it net bestean fan de sânde funksje fan taal. Dit wurdt letter yn it boek fansels wer ûnderút helle.
Under it lêzen koe ik it sa no en dan net litte om dochs efkes op ynternet (ja, hiel faak op Wikipedy) nei te sykjen oft ik op dat stuit yn it boek te krijen hie mei feiten of fiksje, en oft myn ynskatting derfân goed of ferkeard wie. Nim mar fan my oan: lang net altyd goed ynskatten, al wie it mar omdat elke kombinaasje fan feit en fiksje mooglik is:
- persoan bestiet, feit (foarfal, omstannichheden ensafh.) ek
- persoan bestiet net, feit ek net
- persoan bestiet, feit net
- persoan bestiet net, feit wol
- persoan bestiet, feit ek, mar net yn dizze kombinaasje
- persoan bestiet, feit ek, mar net yn deselde tiid
Ensafuorthinne (stel dy allinnich mar efkes foar hoefolle kombinaasjes der mooglik binne)!
Om der in pear konkrete foarbylden by te neamen: yn it boek komt de tennismatch Borg-Lendl foar, Roland-Garros, de finale fan 1981 (feit). Wat nimmen foar mooglik hâldt bart dochs: Ivan Lendl wint (fiksje). Dizze match kin yn it boek sjoen wurde as in fergeliking mei de ferkiezingsstriid tusken Giscard d'Estaing en Mitterand yn 1981, in wichtige sêne. Mitterand waard yn 1981 presidint (feit), mar is it ek wier dat hy op dat stuit (krekt as Lendl) de meast ûnwierskynlike winner wie dy't (oars as Lendl yn de werklikheid) dochs wûn? En wie dat te tankjen oan syn ferbale oermacht yn it ferkiezingsdebat?[2] Mei oare wurden: wie hy op dat stuit yn it besit fan de sânde funksje fan taal (fiksje), mocht dy dochs bestean (feit?), mar is it, oars as yn it boek, net hielendal slagge dy geheim te hâlden (feit, of dochs fiksje)?
Ik bedoel mar: de werklikheid is faak fantastysker as fiksje, mar it binne de ûneinige mooglikheden fan fiksje (ferbylding troch ferwurding) dy't ús dêrfan bewust meitsje kinne. Mar wacht ris, of soe dát miskien ...?
[1] Einlings haw ik in oplossing fûn foar al dy kearen dat it Frysk Wurdboek my gjin befredigjend alternatyf jout foar it Nederlânske wurd dat ik, ik kin der neat oan dwaan, bytiden as earste yn 'e holle haw: ik set it Nederlânske wurd gewoan kursyf, krekt as wenst is by oare wurden út frjemde talen. Bliuwt allinnich noch de fraach: hoelang sikest troch nei in befredigjend alternatyf, en is it lang trochsykjen de bêste wize om alle lêzers fan ûnder de fjirtich foargoed fan dy te ferfrjemdzjen?
[2] Spesjaal foar dit blogje haw ik dat debat efkes weromsocht op YouTube. It duorret hast twa-en-in-heal oere en myn Frânsk is net sa bêst dat ik der sûkelarje fan meitsje kin, dat ik doar it net mei wissens te sizzen, mar as ik sjoch nei lichemstaal, yntonaasje en (ôfskrikwekkend moadewurd, mar toe mar) passy, wat neffens my dochs minstens in part fan dy sânde funksje útmeitsje sil, dan soe ik sizze: jou dy mar rêstich del, hy bestiet net, de sânde funksje fan taal.