De magy fan it wurd, hoe dan ek
Yn april 1989 waard it VPRO-televyzjeprogramma Nauwgezet en wanhopig útstjoerd, fjouwer ôfleveringen fan twa oeren wêryn't Wim Kayzer neat oars docht as fjouwer skriuwers ynterviewe: Jorge Semprún, George Steiner, György Konrád en Gabriël García Márquez. Dit wurdt tsjintwurdich slow television neamd, mar it stiet my net by dat dy term doe al útfûn wie, de wrâld yn it algemien wie doe blykber noch sa stadich dat slow neat spesjaals te betsjutten hie. It ienichste wat we sjogge binne talking heads, fjouwer mannen mei in lampe derop, en dochs boeit it fan begjin oant ein.
It doel wie min ofte mear de tweintichste iuw te beskriuwen, te tsjutten en te begripen, hoewol't dy iuw noch net foarby wie en itselde jier noch in histoarysk barren fan formaat yn 't fet hie. Yn april 1989 stie de Muorre yn Berlyn noch rjocht oerein, wie der noch gjin sprake fan ynternet of mobile kommunikaasje foar eltsenien, yn hokker foarm dan ek, en like de ienentweintichste iuw noch fier fuort. Men kin wol stelle dat de fjouwer mannen, nei alles wat der bard wie yn de ôfrûne iuw en dêr't se foar in wichtich part ek diel oan hienen, net al te optimistysk wienen oer de takomst en de minske yn it algemien.
Wilens is de ienentweintichste iuw in aardich ein op wei en litte we sizze: it falt net ta. In soad minsken binne djip teloarsteld oer it ôfrûne jier en fol bange fermoedens foar it kommende jier. Hoe'n bytsje dêr eins oer te sizzen falt, litte ferskate fragminten út dizze ynterviews mei yntellektuelen fan formaat sjen. De wrâld feroaret algeduerigen, mar hóe krekt, dat kin eins gjinien foarsizze. Fansels binne der grutte linen te lûken, mar it fenyn sit him júst yn de details. Sa betwifelet beropskultuerpessimist George Steiner op in stuit oft der by kommende generaasjes noch keamers fol boeken wêze sille. Wat dat oangiet hat er wol en net gelyk krigen. Der binne yndie hieltyd minder huzen dy't in biblioteek herbergje, en wis net sa'n útwreiden ien as by Steiner thús, mar oan de oare kant liket de kultuer fan it papieren boek taaier as mannichien foarsein hat, en dêrneist docht út elke sin bliken dat Steiner him noch net foarstelle koe dat hast alles, fan literatuer oant muzyk, beskikber wêze soe yn in lyts apparaatsje dat yn frijwol elk hûs te finen wêze soe.
Steiner: 'Het is verre van zeker dat er in komende generaties nog kamers zullen zijn met bibliotheken als deze. Misschien wordt het weer nodig om "leeshuizen" op te richten, zoals de middeleeuwse kloosters, waar aan kleine groepen excentrieke mensen de kunst onderwezen wordt om rustig te lezen, uit het hoofd te leren, te denken zonder radio of televisie erbij, te genieten van het woord, van muziek of van een schilderij. Overigens vind ik die gedachte niet ontmoedigend. Het is ons ook erg gemakkelijk gemaakt. De Missa Solemnis uit je casetterecorder, onderweg naar de bank. Pocketboeken met de grootste en moeilijkste teksten liggen in de kiosk op het station en roepen je toe: "Lees mij, ik ben niets bijzonders." Ik vertel graag het volgende verhaal: Tijdens een bezoek aan Nederland vond Erasmus, 's avonds in de regen, in het slijk, een bedrukt stuk papier, de nieuwe uitvinding. Hij raapte het op en bekeek het met een kreet van verwondering. Een tekst, een woord, misschien een grote waarheid, zomaar in de nacht. Ik benijd hem. En het lijkt mij nog niet zo slecht wanneer we ons weer eens wat meer moeten inspannen voor zo'n magisch moment.'
It 'gemaklik meitsjen' hat sa't it liket mei ynternet wol har hichtepunt berikt, mar is dat perfoarst ferkeard? It is tink wier dat it gemak de wearde ynearsten ferminderet, mar wol dat sizze dat it foargoed ûnmooglik is dy wearde oer te bringen, tagelyk mei it bysûndere fan it foar hannen wêzen fan al dat weardefolle? Wie it better doe't allinnich in elite har yn lear ynbûne boeken lêze koe dan no't de massa pockets en/of e-books keapje en/of liene kin? Wie it better doe't allinnich in elite nei De Hermitage yn St. Petersburg ôfreizigje koe wylst no Jan en alleman, ek Jan mei de pet, in firtuele rûnlieding troch it museum krije kin? Is kultuer mear wurdich as it troch minder minksen geniete wurdt? En is belangstelling fan de massa synonym oan oerflakkigens? En sels al soe dat sa wêze: is oerflakkigens op himsels besjoen ferkeard?
It is fan alle tiden om te fûterjen oer 'de jeugd fan no'. Yn 1989 hearde ik sels noch min ofte mear by dy jeugd, wilens ferwûnderje ik my der bytiden ek oer hoe'n bytsje jonge minsken noch witte, al haw ik sels ek it gefoel dat der nei myn fiifentweintichste net sa'n soad kennis by kaam is, mar foaral mear libbensûnderfining. Neat nijs ûnder de sinne dus. Tagelikertiid leau ik der neat fan dat minsken minder lêze as oait, ik tink sels dat se mear lêze as oait, mar wol gruttendiels fia byldskermen, en ja, dat sil minder konsintraasje en mear oerflakkichheid mei him meibringe. Is dat slim? Ik wit it net, dêroer sil ik ris neitinke yn in folgjend bloch.
Noch efkes werom nei it ferhaal fan Steiner: ik kin my hiel goed foarstelle dat er wol yn Erasmus syn skuon stean woe, as dy foar it earst in stik papier mei drukte tekst derop fynt: it wûnder fan de boekdrukkeunst wurdt ûnder syn eagen útteard, de magy fan it drukte wurd dat oeral ferspraat wurde kin. Júst omdat it bernespul is fergeleken mei it ynternet, liket de magy derfan grutter, krektlyk as by it oprjochtsjen fan 'lêshûzen foar eksintrike minsken': lekker elitêr. Mar stel dy foar: in skriuwer dy't yn it djipst fan de nacht op in ljochtjouwend skerm letters typt dy't fermomme as sifers troch kabels reizigje oer lannen en oseanen en yn no time de hiele wrâld berikke kinne: as dat gjin magy is, wat is it dan?
Ik winskje jim allegear in magysk 2017 ta.