De H fan Hûs
Huzen dy't in eigen wrâld wjerspegelje yntrigearje my. It makket my net safolle út hoe 't dy wrâld foarmjûn wurdt: mei wurden, mei ferve, mei hout of papier, as it mar útsprutsen eigen is, in wrâld dy't net al te ticht by it deistich libben leit, in mooglikheid om te ûntkommen.
Faak binne dat huzen fan skriuwers of skilders, sa as de huzen fan de susters Vanessa Bell en Virginia Woolf en harren partners: Charleston Farmhouse te Lewes en Monk's House te Rodmell yn Ingelân. Mar it kin ek gean om grutte, hast healwize projekten lykas Neuschwanstein by Hohenschwangau yn Dútslân of Quinta da Regaleira te Sintra yn Portugal. En soms is it net iens echt in hûs mar mear in idee, lykas de Ecokathedraal te Mildaam of it projekt WorldWideForest.com.
It is my no noch in griis dat de Merzbau fan Kurt Schwitters yn de Twadde Wrâldoarloch ferwoaste is. Noait sil ik dat deagewoane boargermanshûs yn Hannover mei de wûnderlike keamers yn it echt sjen. Of miskien wiene it wol net iens folsleine keamers, dêroer ferskille de berjochten fan minsken dy't it noch wol mei eigen eagen sjoen hawwe. Dat is dan wer it foardiel fan it net mear bestean: de myte kin ûneinich groeie, en is it yn je fantasy net altyd moaier en wûnderliker dan it yn it echt oait wêze kin?
In hûs as in folslein eigen wrâld, dêr dream ik fan. Yn myn dreamen stiet dat hûs yn Fryslân. Folwoeksenen en bern kinne der terjochte om te fantasearjen en te fertellen, te lêzen en te skriuwen yn harren eigen taal. It is in ferbliuw foar gastskriuwers en it hat romtes foar kursussen en gearkomsten. It hûs biedt ûnderdak oan lytse en kwetsbere talen, mar ek grutte talen binne wolkom, as se ree binne yn te skikken en romte te litten. Want hûs en huis en house betsjutte net itselde, dat liket allinnich mar sa op it earste each.
Yn dit hûs binne de muorren bedutsen mei boeken: wurdboeken en ferhaleboeken, dichtbondels en romans, badboekjes en printeboeken. Yn de hoeken fan finsters en spegels binne gedichten stutsen en boppe de doarren binne sitaten skildere. Yn tapiten en gerdinen binne teksten weefd, en der is gjin teekopke of badhandoek te finen sûnder taalutering. Der steane kasten mei laden fol ferhalen en letters om mei te boartsjen, houten letters om teksten mei te bouwen, magnetyske letters op alle húshâldlike apparaten, plastic letters foar yn bad, ûnferwoastbere betonnen letters foar yn de tún, tusken de ta alfabet snoeide buksushagen.
En as dan op in moaie, soele simmerjûn einlings alle freonen en famylje om de grutte tafel yn dyselde tún sitte, en de loft is fol fan gesellich geouwehoer yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, hokker talen dan ek, dan ite we sop mei letterfermiselje en iis mei minisûkelarjeletters ta.