D.A. Tammingapriis útrikt op 21 juny 2019
Op freed 21 juny 2019 waard yn Tresoar de D.A. Tammingapriis foar it bêste Fryske proazadebút yn de ôfrûne fiif jier útrikt oan Baukje Zijlstra. It sjueryrapport, in ferslach fan de útrikking en ek ûndersteand tankwurd binne te lêzen op de webside fan it FLMD.
'Hee heit, bist no net grutsk op my? Ik haw nee sein, krekt as do. Ik haw de kop yn 'e wyn smiten [...]. En sjoch wat der fan my wurde sil: in fûgelfrije korrektor, in freelance loser, in selsstannige sûnder pensioen, dat is wat der fan my wurde sil heit, bist no net tige, tige grutsk op my?
Dêrom haw ik fan no ôf oan de tiid om hiele dagen hjir by dy te sitten: maatskiplik stel ik neat mear foar, net ien sit op my te wachtsjen. Ja, bytiden wol fansels, as der wat ôf moat yn it wykein, dan witte se my fêst wol te finen, want ik sis dochs gjin nee. No ja, op dizze iene kear nei dan.
Eins fegetearre ik mar sa'n bytsje. Is dit it libben datsto foar my dreamd hiest? Of is dit júst watst al oankommen seachst? Gjin rêchbonke, dan kinst altyd noch korrektor wurde, as se mar goeie burostuollen ha, de regels komme fan oaren.
Witst wat it is heit, ik fyn it wol bêst. Ik hoech it ferhaal net te fertellen, punten en komma's sette is my genôch. Wat sis ik: dat is al dreech genôch. Want dy regels, hin heit, dêrfan kin eins gjinien dy krekt fertelle hoe't it dêrmei sit. It is gjin eksakte wittenskip, en al wie it dat wol: de eksakte wittenskip is ek net mear wat it west hat, heit ...'
Fragmint út De koma-korrektor, side 243-244
Op in dei as hjoed mis ik ús heit, de man sûnder wa't De koma-korrektor der net west hie. It ferhaal fan Tsead Zijlstra, dy't yn Indië in befel wegere hat en dêrfoar feroardiele is, foarme de oanlieding foar it ûndersyk en de basis fan it boek, ek al is it úteinlik in roman wurden. Mar dêrneist binne der ek persoanliker dingen dy't ik hjoed graach mei him diele wollen hie, lykas it feit dat ik noch altyd heit syn lytse blauwe typmasine haw, dêr't ik myn earste ferhalen en gedichten op skreaun haw doe't ik acht, njoggen jier wie, of it sinteklazegedicht dat er foar my skreaun hie, yn de oertsjûging dat ik myn ferstân nochris ferlêze soe, in gedicht dat ik altyd bewarre haw, en dat einige mei de wurden:
'Do moatst yn dyn takomst liuwe
Do moatst net lêze, do moatst skriuwe'
Sels neitinke en nee sizze ast dy ergens net yn fine kinst, binne twa fan de dingen dy't er syn bern meijûn hat, ek troch syn hâlding letter yn it libben. As ik no hjoed wat mear yn de geast fan ús heit hannele hie, dan hie ik fuortendaliks sein dat ik net sa'n grut foarstander bin fan it foarlêzen fan romanfragminten sûnder fierdere kontekst, want hiel faak wurket dat net foar in harkjend publyk en it is al gau de saaie kant it neist. Romans binne yn it foarste plak bedoeld om allinnich, yn stilte, thús op de bank te lêzen, yn in dialooch tusken de lêzer en wat it boek oandraacht. Boppedat fyn ik it yndividualisme dat anneks is mei de roman júst yn dizze tiid tige weardefol, want as in mienskip net bestiet út yndividuen dy't leard hawwe earst sels nei te tinken oer wat se ergens fan fine, dan is it foaral in walhalla foar marketeers, spindoctors en trollen, fan welke oertsjûging dan ek.
Dêrnei kinst it der fansels wol mei oaren oer ha, ek yn it iepenbier. Persoanlik soe ik it weardefol fine as it yn de Frysk-literêre wrâld faker gean soe oer de ynhâld, ek fan boeken dy't yn de lêste heale iuw ferskynd binne, en dyselde behoefte fernim ik by lêzers, sûnder wa't de literatuer net libje kin. Ik haw in soad reaksjes krigen op De koma-korrektor, foaral oer Indië en de eigen ûnderfiningen mei dat ferline, en dêr bin ik bliid mei, want dêr giet it my yn it foarste plak om: it ûnderwerp, de ynhâld, de betsjutting dy't literatuer hawwe kin yn it útwikseljen fan ûnderfiningen, ideeën, gedachten en gefoelens. Der wienen aardich wat minsken by dy't yn gjin skoften mear in Frysk boek lêzen hienen, en dy't bliid wienen mei it linige, lêsbere Frysk, dêr't se harren eigen taal en útdrukkingen yn herkenne koenen.
Foar my is literatuer, en dan benammen de roman, yn it meast ideale gefal in frijsteat: yn prinsipe binne der gjin regels, noch wat de taal, noch wat de foarm, noch wat de ynhâld oangiet, mar it hinget der wol fan ôf wa en watsto dermei berikke wolst, en dat kin by elk boek oars wêze. It is altyd in syktocht om de wurden te finen dy't it bêste útdrukke kinne watsto te fertellen hast, leafst op sa'n wize dat boeken mear binne as museumsealen fan in deade kultuer, want ik wol net libje yn in museum. It is foar elke skriuwer oars, mar persoanlik skriuw ik net om in taal te rêden of te suverjen, ik skriuw omdat ik wat te fertellen haw en dat diele wol mei oaren. Ik wol libje yn de taal dy't ik om my hinne hear no't ik einlik wer yn Fryslân wenje, en yn ûnder oare dy taal wol ik skriuwe en lêze oer de dingen dêr't it eins om giet: it libben, de leafde en de dea, en ik priizgje my gelokkich mei in útjouwer dy't dat begrypt en dêr de rûmte foar jout.
Literêre prizen binne wichtich, ek om in prozayske reden: foar in zzp'er yn de kulturele sektor lykas ik bin, betsjut it ek rjochtstreeks mear tiid en rûmte om te wurkjen oan de dingen dy'st graach meitsje wolst. Mar foaral is it in oanmoediging en in erkenning, yn dit gefal in ekstra moaie erkenning omdat de priis neamd is nei Douwe Tamminga, in man dy't ûnder oare prachtige, tiidleaze gedichten skreaun hat oer it libben, de leafde en de dea, koartom: de dingen dêr't it eins om giet. Lit ús dêr op drinke.