D.A. Tammingapriis foar roman De koma-korrektor

04-06-2019

Skriuwster Baukje Zijlstra fan Frjentsjer krijt de D.A. Tammingapriis foar har romandebút De koma-korrektor (Utjouwerij Afûk). Sy ûntfangt de priis, in jildbedrach fan 3.000 euro en in oarkonde, op 21 juny yn Tresoar yn Ljouwert.

De sjuery keas De koma-korrektor út tsien proazadebuten dy't tusken 2014 en 2019 ferskynden. Neffens de sjueryleden Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet komme yn de roman fan Zijlstra ferskate ferhaallinen nei foaren. 'Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy't de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (…) It is knap hoe't se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.'

De D.A. Tammingapriis is no foar de twadde kear takend oan in proazadebút. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar syn roman Littenser Merke. De priis gie yn 2016 nei it poëzydebút Leech hert yn nij jek fan Geart Tigchelaar.

De priis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy't yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.