Bewege yn nimmenslân
Yn Ensafh nûmer 1 fan 2022 is myn essay 'Bewege yn nimmenslân' opnaam, oer it Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië fan Freark Beuckens, it haadstik oer dit deiboek yn Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra, de stikjes yn datselde boek oer it befelwegerjen fan ús heit doe't er yn Yndonesië siet, en de roman De koma-korrektor dy't ik úteinlik skreaun haw oer it Yndië-ferline fan ús heit.
It is in essay oer de gliidzjende skaal tusken non-fiksje en fiksje, oan de hân fan de dekolonisaasjeoarloch yn Yndonesië tusken rûchwei 1945 en 1950. "Unôfhinklik fan hoe'tst it sjenre neamst, binne der in hiel soad boeken dy't har yn it nimmenslân tusken non-fiksje en fiksje bewege. En bewege yn nimmenslân, dat is boartsje mei fjoer."
Losse nûmers fan Ensafh binne hjir te keap, of yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.