Debútroman De koma-korrektor ferskynd
Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.
Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy't Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske 'nee' seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.
Foar in ynterview of lêzing kinne jo kontakt opnimme fia it kontaktformulier.
Foar resinsjes en ynterviews sjoch fierder ûnder In de pers.
Op de webside fan Tresoar is mear ynformaasje te finen oer Baukje Zijlstra en De koma-korrektor.
De koma-korrektor
ISBN: 978 94 9217 680 6
Priis: € 17,50
Te keap yn de boekhannel of online.