Baukje Zijlstra is skriuwer en oersetter.

Har ferhalen binne publisearre yn ûnder mear Ensafh en De Moanne (sjoch Publikaasjes). 

Sy hat ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen,

wêrûnder trije kear in  Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút

fan de foarôfgeande fiif jier (sjoch  Prizen) foar har debútroman De koma-korrektor (sjoch Publikaasjes).

Yn 2020 en 2021 hat sy de Fryske oersetting fersoarge fan de Boekewikegeskinken fan respektyflik

Annejet van der Zijl (Leon & Juliette) en Hanna Bervoets (Wat wy seagen).

nijs

Nachtfanfare

Yn de Moanne nûmer 4 fan desimber 2025 (jiergong 24) is yn de rubryk De Nacht it ferhaal 'Nachtfanfare' opnaam, mei in moai, ferdjipjend byld fan Linus Harms.

Lees meer »

Helden yn de Moanne

Yn de earste Moanne fan 2023 stiet myn stik 'Helden', dat giet oer fan alles behalven oer helden, bygelyks oer oarloch en leafde, oer grimmitigens en betizing, oer dat it der ta docht watfoar ferhalen wy inoar fertelle.

Lees meer »

Utsteld gelok/Uitgesteld geluk/Happiness Delayed

Utsteld gelok / Uitgesteld geluk / Happiness Delayed is de namme fan in ferhaleprojekt dat Ljouwert UNESCO City of Literature yn de simmer fan 2022 yn it kader fan Arcadia útfierd hat. 100 dagen lang waarden op 100 paradyslike plakken yn Fryslân 100 ferhalen fan 100 skriuwers ferteld. Ien dêrfan wie myn ferhaal 'Lytse kategismus fan gelok', oer in fûgelflapper en in brêgewipper en de fraach wat in ferhaal, revolúsje, ivichheid en gelok wêze kinne (op de webside fan Utsteld gelok te lêzen of te belústerjen, prachtich ynsprutsen troch Nynke Heeg). It ferhaal is ek yn trije talen opnaam yn it minyboekje Happiness Delayed, mei dêrneist útwreide ynformaasje oer de organisaasje en it projekt. Wylst ik sels it ôfrûne jier amper bûten de trijehoek Ljouwert-Dokkum-Grins west haw, reizigje de fûgelflapper en de brêgewipper de wrâld oer, nei ik wit net hoefolle oare City's of Literature: dat is gewoan magy. Mei tank oan alle minsken fan Ljouwert UNESCO City of Literature en oan oersetter David McKay foar 'A Little Catechism of Happiness'.

Lees meer »

Utsteld gelok op paradyslike plakken yn Fryslân

Tusken 7 maaie en 14 augustus 2022, eltse dei fan de 100 dagen dat it kultureel programma Arcadia duorret, bringt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân: 100 dagen, 100 ferhalen, 100 skriuwers, 100 lokaasjes. 1 fan dy 100 is myn ferhaal 'Lytse kategismus fan gelok'. Sjoch foar mear ynformaasje oer alle skriuwers, ferhalen, data en lokaasjes op Utsteld gelok.

Lees meer »

Bewege yn nimmenslân

Yn Ensafh nûmer 1 fan 2022 is myn essay 'Bewege yn nimmenslân' opnaam, oer it Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië fan Freark Beuckens, it haadstik oer dit deiboek yn Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra, de stikjes yn datselde boek oer it befelwegerjen fan ús heit doe't er yn Yndonesië siet, en de roman De koma-korrektor dy't ik úteinlik skreaun haw oer it Yndië-ferline fan ús heit.

Lees meer »

Boekewikegeskink Hanna Bervoets ek yn it Frysk

Fan sneon 29 maaie oant snein 6 juny is it Boekewikegeskink fan Hanna Bervoets ek yn it Frysk te krijen, sawol yn as bûten Fryslân: in ferhaal dat yndruk makket en in prachtich kadoboek. Yn de Ljouwerter Krante in ynterview fan Elisabeth Post mei Bervoets oer har boek Wat wy seagen en mei mysels oer de Fryske oersetting dêrfan.

Lees meer »

Dekolonisaasje Yndonesië yn de Fryske literatuer

Fiifensantich jier nei de befrijing fan Nederlân oan it ein fan de Twadde Wrâldoarloch feroaret noch hieltyd it tinken oer de striid foar frijheid dy't dêropfolgjend fierd waard yn wat doe noch Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline is ek werom te sjen yn Fryske romans dêr't Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels op Sirkwy, foar de online Dei fan de Fryske letterkunde mei it tema 'Befrijing yn de Fryske literatuer', hat Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht hâlden. De artikels geane oer:

Lees meer »

In Ensafh fol tkf's

It lêste nûmer fan Ensafh fan 2020 is foar it grutste part wijd oan it tige koarte ferhaal (tkf ). Oarspronklik soe ditit nûmer wêze by de Lange Koartproazajûn dy't yn novimber holden wurde soe yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer, mar dy't spitigernôch fanwege korona net trochgean koe. Yn dit nûmer binne alle ferhalen opnaam dy't oars op dy jûn foarlêzen wienen. It giet om:

Lees meer »

‘Ferhalen fertelle sit yn it DNA fan Fryslân’

Ynterview mei de direkteur fan Omrop Fryslân Nina Hiddema oer ûnder mear kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan de Omrop en it fertellen fan ferhalen yn De Moanne, Jiergong 19, nûmer 1, maart 2020, side 24-29, troch Baukje Zijlstra.

Lees meer »

Annejet van der Zijl spesjale gast op literêre jûn yn Ljouwert

Op sneon 7 maart, de earste dei fan de Boekewike, organisearret Boeken fan Fryslân in literêre jûn yn de eardere synagoge, no Dansschool Saco Velt, yn Ljouwert. Spesjale gast is Annejet van der Zijl, skriuwster fan it Boekewikegeskink fan 2020, Leon & Juliette. Geart de Vries sil mei har en mei de oersetter fan it geskink Baukje Zijlstra yn petear. De jûn begjint om 21:00 oere, doarren iepen om 20:30 oere. Kaarten binne te krijen by boekhandel Van der Velde en by de Afûk. Sjoch foar mear ynformaasje de webside fan de Afûk.

Lees meer »

blog

Een grote sprong voorwaarts

Na de verhuizing naar het overigens prachtige gebouw Rozet, en na de invoering van de zogenaamde retailopstelling (dat men in de bibliotheekwereld maar snel van deze Grote Dwaling terug mag komen), waarbij je gegarandeerd niks meer terug kunt vinden, waren de vier planken met Friese literatuur ineens verdwenen uit de bibliotheek van Arnhem.

Lees meer »

In grutte sprong foarút

Nei de ferhuzing nei it fierders prachtige gebou Rozet, en nei de ynfiering fan de saneamde retailopstelling (dat men yn de biblioteekwrâld mar gau weromkomme mei fan dizze Grutte Dwaling), wêrby'st garandearre neat mear weromfine kinst, wienen de fjouwer planken mei Fryske literatuer ynienen ferdwûn út de biblioteek fan Arnhim.

Lees meer »