Graach sjogge wy jo kommen op freedtemiddei 21 juny, om 15.30 oere by Tresoar, Gysbert Japicxseal, Bûterhoeke 1, Ljouwert

wannear’t de D.A. Tamminga Priis foar de tredde kear útrikt wurde sil, diskear foar it bêste Fryske proazadebút sûnt 2014

Baukje Zijlstra krijt de priis foar har debútroman

 

De koma-korrektor

 

De D.A. Tamminga Priis is ornearre foar Fryske literêre debuten, om bar foar proaza en poëzij. Der is in bedrach mei anneks fan € 3000. De Stifting FLMD kin de priis útrikke tanksij it Tamminga-Piebengafûns. It inisjatyf foar de priis naam de stifting doe’t de Provinsje Fryslân har debutantepriis (de ‘Fedde Schurer Priis’) ôfskafte; foar in kwetsbere literatuer as de Fryske binne debuten lykwols fan grut belang. Eardere priiswinners fan sawol de Fedde Schurer Priis as de D.A. Tamminga Priis binne fansels allegearre útnûge foar dizze feestlike útrikking.

De sjuery bestie út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet.

Jo binne frij om mei te nimmen wa’t jo wolle. Graach al even yn ’t foar jo komst melde by Lysbert Bonnema fan Tresoar (Lysbert.Bonnema@tresoar.nl).

Boeken fan Fryslân fersoarget in boeketafel.

It program fan de middei sjocht der sa út:

  • 15.30 oere ynrin
  • 16.00 oere wurd fan wolkom
  • Muzikaal yntermezzo: Inez Timmer
  • Alian Akkermans fertelt oer de befiningen fan de sjuery
  • Oerlangjen fan de oarkonde
  • Baukje Zijlstra lêst in fragmint út ‘De koma-korrektor’
  • Muzikaal yntermezzo: Inez Timmer
  • Ofsluting fan it formele part
  • Gelegenheid om Baukje lok te winskjen
  • Neisit mei in hapke en in drankje

 

Elkenien fan herte wolkom!

Category
Tags
No Tag

Comments are closed