Yn april 1989 waard it VPRO-televyzjeprogramma Nauwgezet en wanhopig útstjoerd, fjouwer ôfleveringen fan twa oeren wêryn’t Wim Kayzer neat oars docht as fjouwer skriuwers ynterviewe: Jorge Semprún, George Steiner, György Konrád en Gabriël García Márquez. Dit wurdt...
It is no hast in jier ferlyn dat ik myn lêste blogje skreau op dit plak: immen moat dochs it minst regelmjittich ferskinende blog foar syn/har rekken neame. Op dat stuit tocht ik: gjin gemier mear mei blogjes en ferhaaltsjes en oare lytse dingen, eltse letter dy’t ik...
Goh, hoe moat ik dat gefoel no ûnder wurden bringe? Ien Rely Jorritsma Priis is in tafalstreffer, fage kunde dy ’st moetest yn de kroech: gesellich mar frijbliuwend. Twa Rely’s is goede kunde dy ’t miskien wol in goede freon wurde kin, ien dy’t tsjin dy seit: ‘Wy...
α ‘Mei ik wat geks freegje? Wolle jo myn tas efkes iepenhâlde?’ Sûnder dat ik wat yn de gaten hân haw, stiet der ynienen in jonge meid neist my, mei ûnwisse eagen en prachtich lang hier. Se hat in hântas by har fan it formaat Dirk van den Broek-boadskippetas, grôtfol...
Hast in jier lyn begûn ik te wurkjen yn in mear as fulltime baan op oardel oere reizigjen fan myn hûs. Dat betsjutte wurkdagen fan minimaal tolve oeren, in grimmitigens/bewûnderings-relaasje mei de NS en wykeinen dy’t yn it bêste gefal opgienen oan útteld op de bank...