It wie in grize en kâlde dei, sa’n dei wêrop it maklik is dy net hielendal thús te fielen yn de wrâld. By my fertaalt him dat dan faak yn: wannear sille we werom ferhúzje nei Fryslân? De alderleafste fersuchte: ‘Der is foarearst gjin inkele reden wêromsto hjir net...
Ik bin in Fries om utens, mar no’t dat stadichoan al langer duorret as ik oait tocht hie, begjin ik my ôf te freegjen: hoe Frysk bin ik noch? Fansels, ik bin berne yn Fryslân en Frysk is myn memmetaal, en dat jildt ek foar myn âlden en har âlden ensafuorthinne. Mar...