BAUKJE ZIJLSTRA IS SKRIUWER, OERSETTER EN REDAKTEUR

Har ferhalen binne publisearre yn ûnder oaren Ensafh en Revisor (sjoch Publicaties). Sy hat ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis, en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút fan de foarôfgeande fiif jier (sjoch  Prijzen), foar har debútroman De koma-korrektor (sjoch De koma-korrektor en  Pers).

BAUKJE ZIJLSTRA IS SCHRIJVER, VERTALER EN REDACTEUR

Haar verhalen zijn gepubliceerd in onder andere Ensafh en Revisor (zie Publicaties). Ze heeft verschillende prijzen gewonnen voor zowel Nederlandse als Friese verhalen, waaronder drie keer een Rely Jorritsmapriis, en in 2019 de D.A. Tammingapriis voor het beste Friestalige prozadebuut van de voorafgaande vijf jaar (zie  Prijzen), voor haar debuutroman De koma-korrektor (zie De koma-korrektor en  Pers).

Wat wy seagen

Leon & Juliette

Nearnewâld

De koma-korrektor

Helden yn de Moanne

Helden yn de Moanne

Yn de earste Moanne fan 2023 stiet myn stik 'Helden', dat giet oer fan alles behalven oer helden, bygelyks oer oarloch en leafde, oer grimmitigens en betizing, oer dat it der ta docht watfoar ferhalen wy inoar fertelle. de Moanne, jiergong 22, nûmer 1, febrewaris 2023...

Lees meer
Utsteld gelok / Uitgesteld geluk / Happiness Delayed

Utsteld gelok / Uitgesteld geluk / Happiness Delayed

Utsteld gelok / Uitgesteld geluk / Happiness Delayed is de namme fan in ferhaleprojekt dat Ljouwert UNESCO City of Literature yn de simmer fan 2022 yn it kader fan Arcadia útfierd hat. 100 dagen lang waarden op 100 paradyslike plakken yn Fryslân 100 ferhalen fan 100...

Lees meer
Utsteld gelok op paradyslike plakken yn Fryslân

Utsteld gelok op paradyslike plakken yn Fryslân

  Tusken 7 maaie en 14 augustus 2022, eltse dei fan de 100 dagen dat it kultureel programma Arcadia duorret, bringt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân: 100 dagen, 100 ferhalen, 100...

Lees meer
Bewege yn nimmenslân

Bewege yn nimmenslân

Yn Ensafh nûmer 1 fan 2022 is myn essay 'Bewege yn nimmenslân' opnaam, oer it Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië fan Freark Beuckens, it haadstik oer dit deiboek yn Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra, de stikjes yn datselde boek oer it befelwegerjen fan...

Lees meer
Boekewikegeskink Hanna Bervoets ek yn it Frysk

Boekewikegeskink Hanna Bervoets ek yn it Frysk

Fan sneon 29 maaie oant snein 6 juny is it Boekewikegeskink fan Hanna Bervoets ek yn it Frysk te krijen, sawol yn as bûten Fryslân: in ferhaal dat yndruk makket en in prachtich kadoboek. Yn de Ljouwerter Krante in ynterview fan Elisabeth Post mei Hanna oer har boek en...

Lees meer
Dekolonisaasje Yndonesië yn de Fryske literatuer

Dekolonisaasje Yndonesië yn de Fryske literatuer

Fiifensantich jier nei de befrijing fan Nederlân oan it ein fan de Twadde Wrâldoarloch feroaret noch hieltyd it tinken oer de striid foar frijheid dy’t dêropfolgjend fierd waard yn wat doe noch Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline is ek werom...

Lees meer
In Ensafh fol tkf’s

In Ensafh fol tkf’s

It lêste nûmer fan Ensafh fan 2020 is foar it grutste part wijd oan it tige koarte ferhaal (tkf ). Oarspronklik soe dit it nûmer wêze by de Lange Koartproazajûn dy't yn novimber holden wurde soe yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer, mar dy't spitigernôch fanwege korona...

Lees meer
Tsiende stjerdei Tiny Mulder

Tsiende stjerdei Tiny Mulder

Hjoed, 4 novimber 2020, is it de tsiende stjerdei fan Tiny Mulder, sjoernalist, skriuwer, dichter en meiwurker yn it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. De betinking fan 75 jier frijheid dit jier hie in moaie gelegenheid west om har wurk wer ris wat breder ûnder de...

Lees meer
‘Ferhalen fertelle sit yn it DNA fan Fryslân’

‘Ferhalen fertelle sit yn it DNA fan Fryslân’

Ynterview mei de direkteur fan Omrop Fryslân Nina Hiddema oer ûnder mear kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan de Omrop en it fertellen fan ferhalen yn De Moanne, Jiergong 19, nûmer 1, maart 2020, side 24-29, troch Baukje...

Lees meer
BoekWinterBoek yn Snits

BoekWinterBoek yn Snits

Freed 31 jannewaris 2020 sil yn Café de Bakkersdochter yn Snits BoekWinterBoek plakfine, mei meiwurking fan Henk van der Veer, Willem Schoorstra, Baukje Zijlstra, Sipke de Schiffart en Klaas Jansma. Ynrin fan 20.00 oere ôf.

Lees meer