Publicaties

Happiness Delayed

Leeuwarden UNESCO City of Literature, septimber 2022

Utsteld gelok / Uitgesteld geluk / Happiness Delayed is de namme fan in ferhaleprojekt dat Leeuwarden UNESCO City of Literature yn de simmer fan 2022 yn it kader fan Arcadia útfierd hat. 100 dagen lang waarden op 100 paradyslike plakken yn Fryslân 100 ferhalen fan 100 skriuwers ferteld. Ien dêrfan wie myn ferhaal ‘Lytse kategismus fan gelok’, dat yn trije talen opnaam is yn dit minyboekje Happiness Delayed, mei útwreide ynformaasje oer de organisaasje en it projekt. Mei tank oan alle minsken fan Leeuwarden UNESCO City of Literature en oersetter David McKay foar ‘A Little Catechism of Happiness’.

 

Wat wy seagen

(Fryske oersetting Boekewikegeskink 2021)

Stichting CPNB / Uitgeverij Pluim / Boeken fan Fryslân, mei 2021
     
 
Hanna Bervoets skreau it Boekewikegeskink foar 2021, Wat wij zagen, dat ik yn it Frysk oersette mocht.  
 
Leon & Juliette

(Fryske oersetting Boekewikegeskink 2020)

Stichting CPNB / Uitgeverij Querido / Boeken fan Fryslân, maart 2020  

 
 
Annejet van der Zijl skreau it Boekewikegeskink foar 2020, Leon & Juliette, dat ik yn it Frysk oersette mocht.

 
Nearnewâld

Elikser, novimber 2019

Yn dizze sammelbondel ta gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan It Skriuwersboun stiet, neist in grut ferskaat oan ferhalen, gedichten en oare teksten fan kollega-skriuwers, ek myn ferhaal Kat en kwea.

 
De koma-korrektor

Afûk, maart 2018

 

 
Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy’t Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske ‘nee’ seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.
 
Besjoch de boektrailer. Te keap yn de boekhannel en by de Afûk.

 
Ensafh

Stichting Hispel

Ensafh Fleur

  • Bewege yn nimmenslân. In essay oer de gliidzjende skaal tusken fiksje en non-fiksje oan de hân fan trije boeken oer de dekolonisaasjeoarloch yn Yndonesië (jiergong 14, nûmer 1, febrewaris 2022).
  • Oertocht. In tige koart ferhaal (tkf), skreaun foar de Lange Koartproazajûn dy’t hâlden wurde soe yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer, mar spitigernôch fanwege korona net trochgean koe (jiergong 12, nûmer 6, desimber 2020).
  • Fleur. Dit ferhaal is skreaun yn it kader fan it projekt Spijtproza fan Explore the North, mei tank oan Hinke Dorenbosch foar it dielen fan har libbensferhaal, dat it útgongspunt foarme (jiergong 11, nûmer 2, maaie 2019).
  • In kattelibben. Column op de webside fan Ensafh (10 febrewaris 2019).
  • Boeken earst. Column op de webside fan Ensafh (24 maaie 2017).
  • In grutte lytse-stedsroman. Column op de webside fan Ensafh (22 maart 2017).
  • Rûch as tou. In semi-krystferhaal (desimber 2016, jiergong 8, nûmer 6).
  • Nacht. Ta gelegenheid fan de útrikking fan de Rely Jorritsma Priis 2016 is der in spesjaal Rely-nûmer útjûn fan Ensafh, mei dêryn ûnder mear it ferhaal Nacht (oktober 2016, jiergong 8, nûmer 5).
  • Oer it hynder. Ta gelegenheid fan de útrikking fan de Rely Jorritsma Priis 2015 is der in spesjaal Rely-nûmer útjûn fan Ensafh, mei dêryn ûnder mear it ferhaal Oer it hynder(oktober 2015, jiergong 7, nûmer 5).
  • Mist. In koart ferhaal oer in dochter en in heit mei in Indië-ferline (desimber 2013, jiergong 5, nûmer 6).
  • Skrabje. Ta gelegenheid fan de útrikking fan de Rely Jorritsma Priis 2013 is der in spesjaal Rely-nûmer útjûn fan it literêre tydskrift Ensafh , mei dêryn ûnder mear it ferhaal Skrabje (septimber 2013, jiergong 5, nûmer 4).
 
De Moanne

Stifting De Moanne

  • Ynterview mei Nina Hiddema, direkteur fan Omrop Fryslân, oer ûnder mear kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan de Omrop en it fertellen fan ferhalen yn De Moanne, jiergong 19, nûmer 1, maart 2020.
  • Ynterview mei Janneke Spoelstra oer ûnder oare har nije roman De parallaks en har nije dichtbondel Wij yn ‘e draaimûne yn De Moanne, jiergong 18, nûmer 1, maart 2019.
  • Ynterview mei Lida Dykstra oer ûnder oare har boeken Wenje yn in skilderij, De huodsjes fan Mata-Hari en De weddenskip yn De Moanne, jiergong 17, nûmer 7, desimber 2018.
  • GrenadineFryske bewurking fan in ferhaal dat de Publieksprijs Indische Bladzijde krige (sjoch  Prijzen) op de webside fan De Moanne (21 juli 2016).
  • Albert – Brusselske waffels – Camus. Bydrage oan de webside fan De Moanne yn it kader fan ‘De lêzende mins’ (18 maart 2016).
 

  • Ferhalen fan de fjoertoer fan Langerhin. Eltse moanne in koart ferhaal yn it Friesch Dagblad (fan 1 febrewaris 2017 oant 2 jannewaris 2019).
  • Match. Nei oanlieding fan de Ferhalewedstryd 2015 is yn it Friesch Dagblad it ferhaal MatCh publisearre, oer in kloklieder en hoe ’t dingen totaal oars rinne kinne as ferwachte (11 april 2015).
 
Revisor: Nacht

De Bezige Bij / Stichting Revisor, augustus 2017, #16

 

 

 
Nederlandse vertaling van het verhaal Nacht (zie Rely Jorritsma Priis 2016 onder Prijzen).  

 
DJ Elle en oare LinKk ferhalen

Afûk, 2017 | Gearstald troch Marrit de Schiffart en Anna Marije Bloem

De moaiste, spannendste, grappichste, treurichste, bêste ferhalen út it tydskrift LinKk. Mei ûnder in hiel soad mear myn ferhaal Tomme omheech.

Te keap yn ‘e boekhannel of fia de websjop fan de Afûk.

LinKk

Cedin | Sintrum Meartaligens

  • Lústerje. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 21, nûmer 2, novimber 2020).
  • Retro. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 20, nûmer 5, april 2020).
  • Fallen. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 19, nûmer 1, septimber 2018).
  • Katdo. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 18, nûmer 4, febrewaris 2018).
  • Tomme omheech. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 17, nûmer 3, desimber 2016).
 
Gouden tijden, zwarte bladzijden: Sporen

dewebschrijvers.nl / CPNB, juni 2013

 

 

 
Voor de verhalenwedstrijd in het kader van het boekenweekthema van 2013 ‘Gouden tijden, zwarte bladzijden’ heeft Abdelkader Benali uit 350 inzendingen de 25 beste verhalen gekozen, waaronder het verhaal Sporen. De hele bundel is hier online te lezen en is ook in beperkte softcover oplage geproduceerd.

 
It grutte foarlêsboek

Afûk, 2013

Ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar jonge bern. Neist it wurk fan in hiel soad kollega’s is ek myn ferhaal Herjstkat te finen, yllustrearre troch Mirjan van de Hel.

Allinnich noch twaddehâns te krijen of fia de App Store.

 
Thuis in Friesland

Terra Lannoo, oktober 2008 | Tekst: Baukje Zijlstra, Fotografie: Roelof van der Schaaf

Rijk geïllustreerd overzicht van geschiedenis, cultuur en natuur van Friesland.

Bekijk de boektrailer. Alleen nog tweedehands verkrijgbaar.