schrijven & redactie / skriuwe & redaksje

Literêre jûn yn biblioteek Makkum

Op 15 maart 2018 wie der yn it kader fan de Boekewike 2018 yn de biblioteek fan Makkum in literêre jûn mei Jetske Bilker, Hein Jaap Hilarides en Baukje Zijlstra.

Yn in programma mei in ôfwikseling fan ynterview, foardracht en muzyk fertelde Bilker oer har oersetting fan it Boekewikegeskink Sa’t it lân derhinne leit, Hilarides oer syn roman De trekker fan Troje en Zijlstra oer har roman De koma-korrektor.