Grinsgongers

Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Twa skriuwers dy’t wurkje yn in meartalige wurklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben?

Sytse Jansma is skriuwer en byldzjend keunstner. Hy hat twa dichtbondels en in printeboek útbrocht. Yn 2018 is er nei it International Kistrech Poetry Festival yn Kenia ôfreizge. Syn ûnderfiningen hat er ferwurke yn in rige ‘Kenia-Kozelek’ ferhalen. Jansma siket yn syn wurk faak ferbiningen mei oare keunstfoarmen. Fierder kaam yn 2018 syn animaasjefilm Woesj út op it Noardlik Filmfestival. Op dit stuit wurket er oan syn tredde dichtbondel.

Baukje Zijlstra is skriuwer en redakteur. Se hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh en Revisor. Ek hat se ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Fryske proazadebút fan de fiif foarôfgeande jierren, foar har roman De koma-korrektor. Ein 2019 hat se Leon & Juliette , it boekewikegeskink foar 2020 fan Annejet van der Zijl, yn it Frysk oerset.
 

In hutkoffer fol ferhalen

De Fryske roman De koma-korrektor  giet oer Betty Vonk, korrektor by in krante, dy’t tegearre mei har heit, Siemen Vonk, dwaande is in boek te skriuwen oer syn Indië-ferline, as heit ynienen yn koma rekket. Siemen hat him yn 1945 as oarlochsfrijwilliger foar Indië oanmelden, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering: wat makket dat in minske ‘nee’ seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.

Dit boek is basearre op it Indië-ferhaal fan de heit fan skriuwster Baukje Zijlstra. Yn dizze lêzing fertelt se oan de hân fan foto’s en dokuminten oer de syktocht nei it ferhaal fan har heit, oer de besite oan it Nasjonaal Argyf en de reis nei Yndonesië, oer de feteranen dy’t har heit noch kend hiene, oer it ûntstean fan it boek en oer de fragen dy’t dat oprôp en noch altyd opropt. Ek is der gelegenheid om fragen te stellen, in boek te keapjen en/of sinjearje te litten.

It krekte programma kin yn oerlis fêststeld wurde. Foar fierdere ynformaasje kinne jo kontakt opnimme fia it kontaktformulier of fia 06 144 944 47.

De  boektrailer jout in earste ympresje fan  De koma-korrektor.