It lêste nûmer fan Ensafh fan 2020 is foar it grutste part wijd oan it tige koarte ferhaal (tkf ). Oarspronklik soe dit it nûmer wêze by de Lange Koartproazajûn dy’t yn novimber holden wurde soe yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer, mar dy’t spitigernôch fanwege korona net trochgean koe. Yn dit nûmer binne alle ferhalen opnaam dy’t oars op dy jûn foarlêzen wienen. It giet om:

  • Blau en giel, Amarins Hibma
  • Widner mei wiete hân, Elske Kampen
  • Syn rassuvere knyn, Elmar Kuiper
  • Gerdinen, Sipke de Schiffart
  • Oprommingstsjinst, Bregtje Sijtsma
  • It wersjen, Angelique van der Veen
  • Oertocht, Baukje Zijlstra
  • ’t Is niet an ‘e gevel te sien, wie ’t huus beweunt, Anneke Augusteijn
  • Bulldozer, Johannes Dijkman
  • Moeting, Ytsje Hettinga
  • (Sûnder titel), Friduwih Riemersma
  • Echte leafde, Trevor Scarse
  • Efterfolging, Berber Spliethoff
  • Ferskuord, Henk Wolf

In soad lêswille tawinske, en wa wit kin der letter nochris in Lange Koartproazajûn holden wurde. Yn alle gefallen is it in tige ynteressant sjenre.

Losse nûmers fan Ensafh binne hjir te keap, of yn de Afûk-winkel yn Ljouwert, as dy wer iepen is.

Category
Tags

Comments are closed