Baukje Zijlstra

Baukje Zijlstra

Baukje Zijlstra 

BAUKJE ZIJLSTRA

Profyl

Ik bin berne yn Dokkum, yn in Frysktalige húshâlding yn in fermidden dêr't Stedsfrysk de taal fan de strjitte en Nederlânsk de taal fan it offisjele iepenbiere libben wie, dus meartalichheid is my mei de brijleppel ynjûn.

Wurk

De ôfrûne jierren haw ik benammen as redakteur wurke, ûnder oaren foar in argeologysk advysburo en in útjouwerij. Fierders skriuw ik fiksje en non-fiksje, foar folwoeksenen en bern, yn it Nederlânsk en it Frysk.

Prizen

Ein 2012 sette ik myn oarspronklike tsjinsin tsjin skriuwwedstriden oan kant en bewurke dielen fan it boek dêr't ik mei dwaande bin (oer in befelwegerder yn Yndonesië yn 1945-1949) ta koarte ferhalen dy't ik ynstjoerde.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.