Foto: Anja van Wijgerden

Op sneon 7 maart, de earste dei fan de Boekewike, organisearret Boeken fan Fryslân in literêre jûn yn de eardere synagoge, no Dansschool Saco Velt, yn Ljouwert. Spesjale gast is Annejet van der Zijl, skriuwster fan it Boekewikegeskink fan 2020. Geart de Vries sil mei har en mei de oersetter fan it geskink Baukje Zijlstra yn petear. De jûn begjint om 21:00 oere, doarren iepen om 20:30 oere. Kaarten binne te krijen by boekhandel Van der Velde en by de Afûk. Sjoch foar mear ynformaasje de webside fan de Afûk.

Category
Tags

Comments are closed